Norderney
Norderney is ien fan de sân bewenne Eastfryske eilannen. Steatkundich heart it ta de Dútske dielsteat Nedersaksen. It eilân is 14 km lang en likernôch 2,5 km breed, en hat in oerflak fan 26,3 km². Norderney hat likernôch 6.200 ynwenners. Yn 1948 hat gâns de gemeente Norderney, dat wol sizze it hiele eilân, de status fan stêd krigen. De gemeente heart no ta it Kreis Auwerk.
Namme
bewurkje seksjeDe namme komt fan Norder Ny Each, om't it eilân him earst yn de 16e iuw foarme út de resten fan it troch de Marsellusfloed opbrutsen eilân Buise. Norderney is dêrmei it jongste fan de bewenne Eastfryske eilannen.
Lizzing
bewurkje seksjeOare kant de Wichter Ie leit Baltrum, 800m nei it easten ta. Nei it westen leit it eilân Júst op likernôch 3 km, oare kant it Spaniergat.
Alle bewenning is yn op it westlik part fan it eilân, benammen om de westpunt. It gânse eastlike part fan Norderney is part fan it Nationalpark Niedersächsisches Wattenmeer. Yn it park binne fuotpaden net tastean, om sa planten en bisten tsjin fernieling te beskermen. Oan de noardkant fan it eilân leit in strân oer de folle langte fan it eilân.
It fêste lân wurdt berikke fia in fearboat fan AG Reederei Nordern-Frisia dy't in ferbining mei de East-Fryske stêd Norden hat. Norderney hat in fleanfjild, mei in baan fan 1 km langte.
Sjoch ek
bewurkje seksjeFryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |