Súdfal
Súdfal (Dútsk: Südfall) is ien fan de Halligen yn Dútslân, it is ien fan de Noard-Fryske eilannen. It eilân is allinnich mar mei it simmerhealjier bewenne, Súdfal hat in oerflak fan 0,5 kante kilometer en is ûnderdiel fan de gemeente Pelweerm.
It Hallig leit westlik fan it skiereilân Noardstrân en súdeastlik fan it eilân Pelweerm.
Skiednis
bewurkje seksjeSúdfal hat eartiids ûnderdiel út makke fan it âlde eilân Strân, dit eilân is troch de Sint-Marsellusfloed fan 1632 hielendal útelkoar skuord. In pear parten fan it eilân bleaunen bestean, dêr't Súdfal ûnder wie, dat fuort nei de floed in noch folle gruttere Hallig wie as dat it no is.
De Buchardifloed fan 1634 soarge foar noch mear grutte ferliezen oan minskelibbens, bisten en lân. Súdfal bleaun dochs bewenne. De bewenners fan it eilân libben yn dizze tiid fan lânbou, fiskerij en strânjutterij.
Mei de Stoarmfloed fan 1825 wurdt Súdfal wer tige skansearre. Hast de hiele befolking fan it eilân, besteande út tolve famyljes, rekket wei troch de stoarmfloed. De trije terpen yn it westen wurde hielendal fuortslein en de Hallig rekket de helte fan it lân kwyt. Yn de perioade hjirop komt it eilân yn hannen fan in ferskaat oan minsken. Yn 1910 keapet de grevinne Diana fan Reventlow-Criminil it eilân om har lêste jierren dêr troch te bringen. Nei har dea wurdt it eilân foar fyftich jier oan de famylje Dethleffsen ferhierd.
Yn 1921 ûntduts de Noardstrâner Andreas Busch de resten slûswurken op it lân tichtby Súdfal. Busch hat it gebiet fierder op kaart set en in protte spoaren fan beskaving fûn. Hy fûn ûnder oare âlde wetterputten, lânbougrûn, diken en sleatten. Troch dizze ynformaasje wurdt tocht dat de stêd Rungholt yn de 13e en 14e iuw op it plak fan Súdfal lein hat.
Tsjintwurdich is it eilân in ûnderdiel fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Sûnt 1957 is it eilân yn it behear fan de Jordsân Feriening. It eilân is sûnt 1959 in beskerme natuergebiet en is in ûnderdiel fan it Nasjonaal Park Schleswig-Holsteinisches Wattenmeer. Op de noch ienichste oerbleaune terp stiet in wenhûs mei bygebouwen. Hjir is in ûnderkommen fan de fûgelbeskerming, in SAR-wacht en in útsjoerstasjon fan de Dútske reddingsbrigade. Dizze gebouwen binne allinnich yn de simmermoannen bemanne.
Ferkear
bewurkje seksjeSúfal is te foet of mei in karre fan Noardstrân ôf berikber. Yn ferbân mei de beskerme status fan it eilân is dit net tastien foar it publyk. Yn de simmermoannen fart der trije kear yn de wike in boat fan Pelweerm nei it eilân.
Natuer
bewurkje seksjeOp it eilân is in streamke dat oan de westkante begjint en oan de eastkante fan it eilân útkomt. Op it eilân kinne tal fan plantesoarten harren ûntwikkelje, wêrûnder seegers, see-alsem, lamsear en seeblom.
It waad rûnom Súdfal is in archeologysk beskerme gebiet, om sa de oanwêzige spoaren fan de âlde bewenning net fierder te fersteuren.
Sûnt 1960 is it tal jierlikse oerstreamings stiigd fan likernôch 30 nei 70.
-
Súdfal
-
Súdfal
-
Súdfal
Keppelings om utens
bewurkje seksjeFryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |