Jordsân Feriening

De Jordsân Feriening, folút de Jordsân Feriening foar it beskermjen fan de seefûgel en de natuer (Dútsk: Verein Jordsand zum Schutze der Seevögel und der Natur e.V.), waard yn 1907 yn Hamburch stifte. It is ien fan de âldste natuerbeskermingsorganisaasjes fan Dútslân. Sûnt 1982 stiet it haadkantoar fan de feriening yn Ahrensburg by Hamburch.

Logo Jordsân Feriening
De strânljip foarmet it skaaimerk fan de feriening.

De namme fan de feriening komt fan it eardere hallich Jordsân, dat eastlik fan Sylt yn de Waadsee lein hat en it earste fûgelbeskermingsgebiet fan de feriening wie. Tsjintwurdich is Jordsân noch mar in sânplaat.

De feriening hat as doel it fersoargjen fan mear seefûgel- en natuergebieten. 23 Reservaten (2007) waarden troch de feriening ynrjochte en yn stân hâlden. Gebieten fan de Jordsân Feriening lizze op Neuwerk, Sylt, Oomram, Súdfal en Habel.

De natuergebieten Nationalparken Hamburgisches Wattenmeer en Schleswig-Holsteinisches Wattenmeer wurdt in protte mei oparbeide.

Foar it behâld fan de hallich Noardereach wurdt yn de simmermoannen wurkkampen organisearre foar de jongerein. Dy kampen steane it beskermjen fan de fûgels en ‘kustfersoarging’ op de foargrûn.

 
It ynformaasjesintrum fan de Jordsân Feriening by Schluttsiel.

Fierders jout de feriening it tydskrift Seevögel (Seefûgel) út.

Sûnt 1980 hat de Jordsân Feriening de stifting Jugendgruppe Naturschutzjugend Jordsand en sûnt 1986 it Institut für Naturschutz- und Umweltschutzforschung des Vereins Jordsand yn it behear.

Keppeling om utens

bewurkje seksje