Protterfûgels
De protterfûgels of staarfûgels (Sturnidae) foarmje in famylje yn de boppefamylje fan de Muscicapoidea yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). It binne lytse ta middelgrutte fûgels (16 ta 45 cm). It binne gjin bysûnder melodieuze sjongers, mar se kinne wol poerbêst de sang fan oare fûgels, en soms sels de minsklike stim neidwaan. Se binne ynsekte- en fruchte-iters en faak allesiters. Fan de likernôch 123 soarten fan de famylje hearre de measte yn Afrika en Aazje thús. Yn Jeropa komme allinnich de (gewoane) protter, de reade protter en de swarte protter foar, yn Nederlân allinnich de gewoane protter.
Protterfûgels | ||
treurmaina (Acridotheres tristis) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Muscicapoidea) | |
famylje: | protterfûgels (Sturnidae) | |
Rafinesque, 1815 | ||
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe skaaien en soarten yn de famylje fan de protterfûgels binne:
- Famylje: protterfûgels of staarfûgels (Sturnidae)
- Skaai: Aplonis, 21 libbene soarten yn E-Yndoneezje, Austraalje en Oseaanje, 1 soarte yn SE-Aazje,
- Skaai: Mino, 3 soarten yn Nij-Guineä,
- Skaai: Basilornis, 3 soarten yn E-Yndoneezje,
- Skaai: Goodfellowia, 1 soarte yn de Filipinen,
- Skaai: Sarcops, 1 soarte yn de Filipinen,
- Skaai: Streptocitta, 2 soarten yn Sulawesi,
- Skaai: Enodes, 1 soarte yn Sulawesi,
- Skaai: Scissirostrum, 1 soarte yn Sulawesi,
- Skaai: Saroglossa, 1 soarte yn Yndia,
- Skaai: Ampeliceps, 1 soarte yn SE-Aazje,
- Skaai: Gracula, 5 soarten yn SE-Aazje,
- Skaai: Acridotheres, 10 soarten yn S- en SE-Aazje:
- grutte maina (Acridotheres grandis)
- toefmaina (Acridotheres cristatellus)
- Javaanske maina (Acridotheres javanicus)
- fealbûkmaina (Acridotheres cinereus)
- oerwâldmaina (Acridotheres fuscus)
- wytkraachmaina (Acridotheres albocinctus)
- wâlmaina (Acridotheres ginginianus)
- treurmaina (Acridotheres tristis)
- swartwjukmaina (Acridotheres melanopterus)
- Birmamaina (Acridotheres burmannicus)
- Skaai: Spodiopsar, 2 soarten yn Aazje:
- sideprotter (Spodiopsar sericeus)
- skiere protter (Spodiopsar cineraceus)
- Skaai: Gracupica, 4 soarten yn S- en SE-Aazje, dêrûnder:
- eksterprotter (Gracupica contra)),
- Skaai: Agropsar, 2 soarten yn E-Aazje:
- Mongoalske protter (Agropsar sturninus)
- readwangprotter (Agropsar philippinus)
- Skaai: Sturnia, 5 soarten yn S- en SE-Aazje:
- Mandarynprotter (Sturnia sinensis)
- griiskopprotter (Sturnia malabarica)
- wytkopprotter (Sturnia erythropygia)
- Malabarprotter (Sturnia blythii)
- pagodeprotter (Sturnia pagodarum)
- Skaai: Sturnornis, 1 soarte yn Sri Lanka,
- Skaai: Leucopsar, 1 soarte yn Bali,
- Skaai: Pastor, 1 soarte yn SE-Jeropa en W-Aazje:
- reade protter (Pastor roseus)
- Skaai: Sturnus, 2 soarten yn Jeropa en W-Aazje:
- protter (Sturnus vulgaris)
- swarte protter (Sturnus unicolor)
- Skaai: Creatophora, 1 soarte yn Afrika:
- lelprotter (Creatophora cinerea)
- Skaai: Notopholia, 1 soarte yn Afrika,
- Skaai: Hylopsar, 2 soarten yn Afrika,
- Skaai: glânsstaren - Lamprotornis, 23 soarten yn Afrika, dêrûnder:
- grutte blau-earglânsstaar (Lamprotornis chalybaeus)
- lytse blau-earglânsstaar (Lamprotornis chloropterus)
- prachtglânsstaar (Lamprotornis splendidus)
- poarperglânsstaar (Lamprotornis purpureus)
- blausangen glânsstaar (Lamprotornis purpuroptera)
- grutte glânsstaar (Lamprotornis australis)
- griene langsturtglânsstaar (Lamprotornis caudatus)
- readbûkglânsstaar (Lamprotornis pulcher)
- Skaai: Hartlaubius, 1 soarte yn Madagaskar,
- Skaai: Cinnyricinclus, 1 soarte yn Afrika:
- ametiststaar (Cinnyricinclus leucogaster),
- Skaai: Onychognathus, 11 soarten yn Afrika, dêrûnder:
- readwjukstaar (Onychognathus morio)
- Somalyske staar (Onychognathus blythii)
- Tristramstaar (Onychognathus tristrami)
- Skaai: Poeoptera, 5 soarten yn Afrika,
- Skaai: Grafisia, 1 soarte yn Afrika,
- Skaai: Speculipastor, 1 soarte yn Afrika,
- Skaai: Neocichla, 1 soarte yn Afrika,
- Skaai: Rhabdornis, 4 soarten yn de Filipinen.