Sleattemer Mar
De Sleattemer Mar is in mar fan 140 ha. tusken de plakken Sleat, Balk, en Wâldsein yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Twa mei tûnen oanjûne farwetters ferbine dy plakken mei-inoar. De mar is net botte djip, bûten de fargeul bytiden mar 1,20 m. Oan de eastkant fan de fargeul is de wetterdjipte mar sawat ien meter; sa is de Wikeler Hop ek ûndjip.