Houtwiel (Feanwâlden)
It Houtwiel is in lyts mar yn de gemeente Dantumadiel. De mar leit yn natoergebiet It Houtwiel tusken Broeksterwâld en Feanwâlden. It wetter leit tusken de Smoarpôt en de Goddeleaze Singel.
In wiel is in, troch in dyktrochbrek ûntstien kolkgat.
De namme Houtwiel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Houtwielen.