Elfbergen
Elfbergen is in bosk by it eardere buorskip Elfbergen noardlik fan Aldemardum yn de Súdwesthoeke.
Oant 1600 wurdt skreaun oer Aleburgen, yn in keapakte út 1731 wurdt de namme Elleburgen neamd. De namme Elfbergen soe dus de 'heuvels fan Ale' betsjutte kinne.
De bosk is mei 175 ha. de grutste fan de Boskwachterij en ek ien fan de âldste fan Gaasterlân. Hy waard yn de 19e iuw oanlein fanwege jonkhear Gerard van Swinderen. Yn 1925 waard de bosk besit fan de gemeente Gaasterlân dy't it yn 1976 ferkocht oan Steatsboskbehear.
Troch de bosk rinne lange leanen, ien fan de fraaiste is de Boekeleane. By de Koaileane (by de eardere einekoai) leit de Boskfiver dy't yn it ramt fan de wurkleazensfoarsjenning yn de tritiger jierren groeven is. Foar 1940 wie dêr in wurkleazekamp.
Troch Mar en Klif wurde yn de bosk speurtochten hâlden mei as tema "It Geheim fan Elfbergen". De tocht is basearre op in troch Mindert Wynstra skreaune leginde.
In kamping by Aldemardum hjit ek Elfbergen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |