Mindert Wijnstra

(Trochferwiisd fan Mindert Wynstra)

Mindert Wijnstra (Lippenhuzen, 31 desimber 1945 - Warns, 30 septimber 2020) wie in Fryske berneboekeskriuwer en ferhaleferteller en ûnderwizer út Warns. Yn Warns wie er skoallehaad en hy wenne letter ek noch yn it skoalhûs.

Mindert Wijnstra

Yn 1992 krige er de Simke Kloostermanpriis, foar It hûs fol ferhalen, útrikt yn de Twizeler tsjerke. Hy wie troud mei Anneke Wijnstra-Dalstra, harren dochter is Babs Wijnstra.

Wurk bewurkje seksje

  • De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen (2017, mei Douwe Kootstra)
  • De seefrou (2014, samling folksferhalen as kadoboek yn it ramt fan 'Swalk')
  • Myn twadde Fryske Van Dale (2008)
  • De stilte fan Joachem (2007)
  • Myn earste Fryske Van Dale (2006)
  • It lân achter de heuvel (2006)
  • Trije Sinten, trije ferhalen (2004)
  • Rik yn de loftballon (2000)
  • Ast gelok hast (2000)
  • It kweade wiif fan Hylpen en oare folksferhalen
  • Ik krijg je nog wel! (1999)
  • It hûs fol ferhalen (1992)
  • It lân achter de heuvel (CD ROM)

Keppeling om utens bewurkje seksje