Parkgebiet It Oranjewâld
Parkgebiet It Oranjewâld is in gebiet mei in nijsgjirrich histoarysk karakter east fan It Hearrenfean.
Geografy
bewurkje seksjeIt park leit east fan It Oranjewâld en de Hearrenfeanske wenwyk Skoatterwâld en benoarden de Skoatterlânskewei mei de doarpen Aldskoat en Mildaam. Yn it gebiet leit it buorskip Brommegea.
It gebiet wurdt ek oanjûn troch de boerden 'Parklânskip'.
Beskerme doarpsgesicht
bewurkje seksjeParkgebiet It Oranjewâld wurdt yn 2008 wierskynlik oanwiisd as beskerme doarpsgesicht.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Belvedêre
- Museum Belvedêre yn it Museumpark Lângoed It Oranjewâld
- Lângoed It Oranjewâld
- De Oertún, kuierpark
- Lângoed Oranjestein
- Oranjewâld Festival, muzykfestival op it mêd fan klassike muzyk, elts jier begjin juny yn it Parkgebiet holden
Kuierje
bewurkje seksjeTroch Steatsboskbehear is in oantal kuierrûtes yn it parkgebiet útsetten.
Kleur | Rûtenammme | Lingte | Startlokaasje |
---|---|---|---|
Wouterberchwanneling | 3.5 km | Hotel Tjaarda, Ken.Julianawei 98, Parkgebiet It Oranjewâld | |
Reagersboskwanneling | 4 km | Hotel Tjaarda | |
Tuimelaarsboskwanneling | 3,5 km | Hotel Tjaarda | |
Ferbiningskuierrûte | 3,5 km | Hotel Tjaarda | |
Knipe-Brommegeawanneling | 6 km | Tramwei, De Knipe | |
Klokkestoelwanneling | 3 km | Kofje- en Teeskinkerij Leafhawwerij de Heaberch, Tsjerkeleane 40, Ketlik | |
Weversbuertwanneling | 7 km | Kofje- en Teeskinkerij Leafhawwerij de Heaberch |
Fytse
bewurkje seksjeLF-rûte | Namme | Lingte | Plakken |
---|---|---|---|
LF3 | Reidlânrûte | 145 km | Kampen • It Hearrenfean • Parkgebiet It Oranjewâld • Ljouwert • Holwert • fearboat • It Amelân |
LF20 | Flevorûte | 250 km | Haarlim • Amsterdam • Flevolân • De Lemmer • It Hearrenfean • Parkgebiet It Oranjewâld •Grins. |
- Jabikspaad. In fytsrûte en in kuierrûte dy't rint fan Sint Jabik oer It Hearrenfean en Parkgebiet It Oranjewâld nei Hasselt.