Oertún (It Oranjewâld)
(Trochferwiisd fan De Oertún (It Oranjewâld))
De Oertún is in park yn it parkgebiet Oranjewâld eastlik fan It Hearrenfean yn Fryslân. It park is ûnderdiel fan it gebiet Lângoed Oranjewâld, dat yn de 17e iuw troch Albertine Agnes fan Nassau oanlein waard. Yn de 18e iuw waard it park yn barokstyl oanlein. Yn de 19e iuw waard nei de sloop fan de âlde bouwurken Huize Oranjewoud boud. Troch nije eigners waard De Oertún oarekant de dyk yn de Ingelske lânskipsstyl ynrjochte. It park fan Oranjestein eastlik fan De Oertún waard troch Lucas Pieters Roodbaard yn deselde styl oanlein. Yn 1953 waard De Oertún eigendom fan gemeente It Hearrenfean. Fan de Lindeleane ôf is it park frij tagonklik en fergees.