Ingelske lânskipsstyl
In Ingelske tún, Ingelske lânskipstún of tún yn de Ingelske lânskipsstyl is in lânskipstún dy't yn de twadde helte fan de 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw yn de moade kaam.
Yn Ingelân stapte men op beskaat stuit ôf fan it idee dat de natoer yn 'e hân en fan minsken oerhearske wurde moast, sa't dat stal krige yn de strang symmetryske Frânske tún mei syn geometryske foarmen. De tunen waarden no sûnder symmetry en lykwicht oanlein. Wol hienen sy noch sobere paviljoentsjes, mar bygelyks bylden kamen der net folle mear yn. It ûntwerp is basearre op de doetiidske foarstelling fan romantyske, parkeftige lânskippen mei ûnferwachte trochkykjes, ek op it omlizzende fjild. Dat waard stal jûn troch it oanlizzen fan gersfjilden, leafst op in terrein mei hichten, mei hjir en dêr beamgroepen en keunstmjittige markes en streamkes.
De strakke barokke styl rekke al foar de Frânske revolúsje út de moade, wat goed te sjen wie yn de Ingelske moade (Mode à l'Anglaise), dy't letter oerroan yn de Romantyk.
Skaaimerken fan de Ingelske lânskipstún
bewurkje seksje- soart fan tafallich lykjende, 'natuerlike', asymmetryske oanlis.
- fariaasje yn patroanen fan paden en wetterpartijen op romme weagjende gersflakten.
- nijsgjirrige ôfwikseling fan groepen planten/beammen en túnornaminten, sa as in timpel, Sineeske pagoade, in sabeare hermitaazje en oare eksoatyske bouwurken, saneamde 'follys'.
Bekende Ingelske tunen en parken
bewurkje seksjeNederlân
bewurkje seksje- Vondelpark yn Amsterdam
- Sarphatipark yn Amsterdam
- Florapark yn Amsterdam
- De Ingelske Tún op Begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam
- Park Sonsbeek yn Arnhim
- It Van Bergen IJzendoornpark yn Gouda
- Het Noarderplantsoen yn Grins
- De Ingelske Tún yn Harns
- De tún fan 'e Epemastate yn Ysbrechtum
- De Keukenhof yn Lisse
- Het Park yn Rotterdam
- It súdlik part fan it Julianapark yn Utert
- Park Rams Woerthe yn Stienwyk
- It park om Slot Zeist hinne, by Zeist
- Wilhelminapark yn Utert
- It Engelse Werk yn Swol
Oare lannen
bewurkje seksje- De Paleistún fan Buckingham Palace, Londen
- Los jardines del Buen Retiro, Madrid
- Stourhead, yn Wiltshire (Ingelân)
- Englischer Garten, München
- Part fan de tún fan it Paleis fan Caserta, Napels
- Kew Gardens, Richmond
Arsjitekten fan Ingelske túnen
bewurkje seksje- Stephen Switzer (1682-1745), Nobleman's, Gentleman's and Gardener's recreation
- William Kent (1685-1748)
- Charles Bridgeman
- Capability Brown (1716-1783)
- John Vanbrugh (1664-1726)
- Lodewijk Wilhelmus Copijn (1878 - 1945)
- Lucas Pieters Roodbaard (1782 - 1851)
- Gerrit Vlaskamp yn Fryslân (1834 - 1906)
- Benjamin Thompson (1753 – 1814)
- Eduard Petzold (1815 - 1891)
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory English gardens fan Wikimedia Commons. |