It Noarderplantsoen is in park yn de stêd Grins. It park leit op it plak dêr't yn de 17e iuw de ferdigeningswâlen fan de stêd boud waarden. De grêften binne ferfongen troch fivers en op it plak dêr't de wâlen stienen, leit sûnt 1874 no in park yn Ingelske styl mei hichteferskillen.

Grutte fiver fan it Noarderplantsoen
Noarderplantsoen by de grutte fiver

Karakteristyk foar it Noarderplantsoen is de foarm: it park is tige lang en smel. Oant healwei de jierren '90 waard it Noarderplantsoen trochsnien troch in drokke wei, mar by in referindum yn 1994 waard – mei in mearderheid op it kantsje ôf– besluten dizze wei ôf te sluten foar motorisearre ferkear. Yn it Noarderplantsoen steane keunstwurken fan ûnder mear Jan van Baren, Gjalt Blaauw, Bas Lugthart, Thees Meesters en Wladimir de Vries.

Jierliks wurde yn it Noarderplantsoen in tal eveneminten hâlden, wêrfan Noorderzon it bekendste is. Dit is in teater- en dûnsevenemint dat ein augustus hâlden wurdt. In soad dûns-, teater- en muzykgroepen út binnen- en bûtenlân litte yn dit 11 dagen duorjende festival faak ferrassende útfierings sjen.

In oar bekend evenemint yn it Noarderplantsoen is de plantsoenloop dêr't jierliks sa'n 500 minsken oan meidogge. De loop troch it plantsoen wurdt jierliks op de earste sneon fan novimber hâlden.

Keppeling om utens bewurkje seksje