Noorderzon
Noorderzon is in jierliks weromkommend 11-dagen duorjende ynternasjonale keunstmanifestaasje yn it Noarderplantsoen en op ferskate lokaasjes yn en om it sintrum fan de stêd Grins.
It yn 1991 oprjochte Noorderzon Festival is útgroeid ta in hichtepunt fan de kulturele simmer yn Grins. It programma leit sterke neidruk op ynternasjonaal wurk en in aksint op wurk mei woartels yn it Noarden. It programma-oanbod is in griemmank fan fergese en betelle foarstellingen. It oanbod bestiet út teater, muzyk, dûns, byldzjende keunst, multimedia, sirkus en alles wat dêr tuskenyn sit.
Noorderzon lûkt alle jierren tusken de 110.000 en 120.000 besikers. Elk jier wurdt Noorderzon grut iepene, bygelyks mei in bjusterbaarlike optocht troch de binnenstêd fan de stêd Grins.
Kafee
bewurkje seksjeNoorderzon is ek de namme fan in kroech yn de buert fan it Noarderplantsoen.