Buckingham Palace

Buckingham Palace is de offisjele residinsje fan de Britske monarch yn Londen.

Buckingham Palace
bouwurk
Buckingham palace
Buckingham palace
lokaasje
lân Grut-Brittanje
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Ingelân
Regio Grut-Londen
Distrikt City of Westminster
plak Londen
bysûnderheden
type bouwurk Paleis
boujier 1703
arsjitekt Aston Webb
boustyl Neoklassyk
oare ynformaasje
hichte 24 m.
lingte 120 m.
breedte 108 m.
oerflak 77.000 m²
tal keamers 775
Oflossing fan de wacht
Oflossing fan de wacht
Buckingham Palace fanút de loft besjoen by in evenemint yn 2016

Skiednis bewurkje seksje

Fanâlds hjitte it gebou 'Buckingham House' omdat it yn 1703 boud waard foar John Sheffield, greve fan Buckingham. Kening George III kocht it pân yn 1762 fan syn neisiet Sir Charles Sheffield. Sûnt 1837 wurdt it brûkt as residinsje. Keninginne Victoria wie de earste monarch dy't it paleis permanint bewenne. It hjoeddeiske oansicht is fan 1912, doe't kening Edward VII de foargevel modernisearje liet. As de keninginne thús is, wapperet de Keninklike standert op it middelste paviljoen; is hja der net, dan wurdt de Union Jack hyst. Der wurkje alle dagen mear as 800 minsken oan de Keninklike Hofhâlding.

Arsjitektuer bewurkje seksje

De wite symmetryske gevel fan it Paleis lient him tige as it dekor foar seremoanjes. Jierliks groetsje de Windsors de befolking fanôf it balkon (al sûnt 1851). It paleis hat 775 keamers, wêrfan 78 badkeamers. De paleisgevel is 108 meter breed en it gebou is 120 meter djip, mei in hichte fan 24 meter. De oerflakte is 77.000 m², it hat 1514 doarren en mear as 760 finsters dy't om de seis wike skjinmakke wurde. Elektrisiteit is der sûnt 1883. Der is in kapel, in dokterskabinet, in swimbad en in kafetaria foar it personiel. De grutste seal is de balseal (36,6m x 18m x 13,5m); dêr wurde de steatsdiners hâlden. Steatshaden sliepe yn de Belgyske suite; dy waard boud troch keninginne Victoria foar har omke, Leopold I fan Belgje.

Buckingham Palace is, sûnt George III it kocht, meardere kearen ferboud en fergrutte. Sûnt 1993 binne dielen fan it paleis tagonklikfoar it publyk.[1]Ien fan de moaiste sealen is de troanseal, dêr't de troan fan de keninginne stiet. Ek de troanen fan har âlden en pakes en beppes steane hjir.
Yn Buckingham Palace is in diel fan de Keninklike Kolleksje ûnderbrocht, mei skilderijen fan ûnder oaren Rembrandt, Rubens, Van Dyck, Vermeer, Poussin, Canaletto en Claude Lorrain. Der steane ek skulptueren fan Canova en Chantrey, in kolleksje Sèvres-porslein en fraai Britsk en Frânsk meubilêr.

Oflossing fan de Wacht bewurkje seksje

Eigen oan de Britske Paleizen is dat de Keninklike Wacht alle dagen ôflost wurdt; dy earewacht symbolisearret de funskje fan Haad fan Definsje fan de foarstinne. De wachten meie har net bewege, útsein by de seremoanjele ôflossing. Ien kear deis (yn de winter om de oare dei) wurdt op it foarplein fan Buckingham Palace seremoanjeel de wikseling fan de wacht útfierd. It iuwenâlde searemoanjeel is in foarbyld fan de tradysjes dy't noch altiten libje oan it Britske hof.

Ferskaat bewurkje seksje

  • Buckingham Palace hat syn eigen postkoade: SW1A 1AA.
  • Der is ien fan de grutste klokkesamlingen: 356 stiks.
  • Der waarden meardere prinsen berne, wêrûnder kroanprins Charles.
  • It lietsje Freestyler fan Bomfunk MC's hat in referinsje nei it kastiel; it is ien fan de redenen wêrom't dit lietsje sa populêr waard.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://news.bbc.co.uk/onthisday/hi/dates/stories/april/29/newsid_4297000/4297161.stm 1993: Queen to open Palace doors, BBCnews-website
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Buckingham Palace fan Wikimedia Commons.