Museum Belvédêre

(Trochferwiisd fan Museum Belvedêre)

Museum Belvédère is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn It Oranjewâld, Fryslân.

Museum Belvédêre
  museum
it museum is oer it wetter hinne boud
it museum is oer it wetter hinne boud
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Flagge fan It Hearrenfean It Hearrenfean
plak Flagge fan It Oranjewâld It Oranjewâld
adres Oranje Nassaulaan 12
koördinaten 52° 57' N, 5° 58' E
Algemiene gegevens
ferneamd nei Belvedêre
type keunstmuseum
oprjochting 2004
oprjochter Thom Mercuur,
Sjoerd de Vries,
Boele Bregman
Arsjitektuer
type gebou Museum
arsjitekt Eerde Schippers
boujier 2004
Offisjele webside
museumbelvedere.nl
Kaart
Museum Belvédêre (Oranjewâld)
Museum Belvédêre
Lokaasje yn It Oranjewâld

It museum hat in aparte ûntsteansskiednis. It komt fuort út de winsk fan trije manlju: Thom Mercuur en de keunstners Boele Bregman en Sjoerd de Vries. Benammen Thom Mercuur dreamde al in hiel skoft oer it opsetten fan in eigen museum, in grutte 'kykkast' foar keunst.
Nei in soad tsjinslach is it him slagge en ferwêzenlikje syn museum. It museum, dat 104 meter lang is en 13 meter breed, leit middenyn it lânskip It Oranjewâld. It is ûntwurpen troch Eerde Schippers. Op 24 novimber 2004 waard it museum en de bûtenpleats iepene troch keninginne Beatrix.

De fêste kolleksje bestiet benammen út wurken fan Fryske keunstners en geastbesibben dy't fierder kwalik yn it iepenbier tentoansteld wurde. Hjirby kin tocht wurde oan keunstners lykas Jan Mankes, Thijs Rinsema, Tames Oud, Gerrit Benner, Boele Bregman, Willem van Althuis en Sjoerd de Vries.

Tentoanstellingen (in kar)

bewurkje seksje
 
Museum Belvedêre
  • Wahlverwandtschaft fan 15 maaie o/m 16 augustus 2009
  • Eb en Vloed fan 19 desimber 2009 o/m 7 maart 2010
  • Martin Tissing tachtig jaar (12 maart o/m 15 maaie 2016), mei in tal eksposysjes yn Grins.[1]
  • Käthe Kollwitz fan 18 juny t/m 25 septimber 2016.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: