Thom Mercuur
Thomas Mercuur (Boyl, 26 maart 1940 - Grins, 20 jannewaris 2016) wie in keunstbefoarderer, konservator en âld-museumdirekteur fan Museum Belvedêre yn It Oranjewâld.
Thom Mercuur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Mercuur | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 maart 1940 | |
berteplak | Boyl | |
stoarn | 20 jannewaris 2016 | |
stjerplak | Grins | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | museumdirekteur, Museum Belvedêre |
Sûnt 1971 konservator fan gemeentemuseum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer. Yn it earstoan keunsthanneler yn Ljouwert en It Hearrenfean. Dêr skode er al opfallende keunstners nei foaren, wêrûnder Jentje van der Sloot.
It slagge him en jou it slommerjende museum yn Frjentsjer yn in pear jier lanlike bekendheid te jaan mei tentoanstellings fan Jentsje van der Sloot, Dada-Drachten ( Evert en Thijs Rinsema en de arsjitekt C.R. de Boer), Willem van Althuis, Hans van der Horst, Sjoerd de Vries, Concrete Poëzie en "Ljouwert kin wol ynpakke'. Mar ek mei tentoanstellings fan mear histoarysk karakter blykt hy in foar Fryslân ûngewoan museumbelied te folgjen.
Underskiedings
bewurkje seksje- Fryske Anjer 1996
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau 2004
- Harry de Vroome peinje 2005
- Eareboarger Gemeente It Hearrenfean 2010
- Nominaasje foar de Patron of the Arts Award 2010
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|