Boyl
Boyl | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Weststellingwerf |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | 30 |
Ynwenners (2007) | 912 |
Huzen | 358 |
Koördinaten | 52° 54' NB, 6° 12' EL |
Netnûmer | 0561 |
Postkoade | 8392 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Boyl (Stellingwerfsk: Buil) is in doarp yn it easten fan de gemeente Weststellingwerf, noardeastlik fan Wolvegea. Yn it doarp wurdt almeast gjin Frysk praat mar Oertsjongersk. Boyl hat likernôch 870 ynwenners ( 2007) en hat in tsjerke mei in klokhûs, in tal winkels, garaazjes en kampearterreinen en in grut tal melkerijen. It doarp leit oan de râne fan it nasjonaal park it Drintsk-Fryske Wâld.
SkiednisBewurkje
Fan it doarp Boijl wurdt foar it earst yn de oarkunde fan 9 septimber 1320 melding makke (Berkelbach van Sprengel 1937, no 458.). Ut in institúsjebrief fan 20 juny 1509 docht bliken dat de tsjerke oan Sint Maarten wijd wie. (AAU, dl 42 (1916) s. 287). De tsjerke sûnder toer is boud yn de 13e iuw. De klokkestoel komt út 1600 en is yn 1904 renovearre. Yn de tsjerke hinget in yn 1339 getten klok, mei de namme Martinus. De tsjerkeklok yn de klokkestoel is ien fan de âldste fan Nederlân, en hat as râneskrift: Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In't jaer van ons Heeren 1399.
Van der Aa (diel 2 s. 369) seit oer de situaasje yn it doarp omtrint 1850: 'van dit dorp ligge de huizen, ter wederzijde van de kerk, in het geboomte verspreid. Men telt, met de daaronder behoorende buurtjes Boekholt en Rijserpekamp, 300 inw., alle Herv., die tot de gemeente Noordwolde - en - Beuil behooren, en hier eene kerk zonder toren hebben'.
NammeBewurkje
Boijl kin har namme oan ferskillende saken ûntliend hawwe. It is lestich, omdat it op âlde kaarten skreaun wurdt as Buil, Beul en as Beuil. Wylst it yn de foarlopige banbrief fan biskop Guydo fan Utert yn de fjirtjinde iuw sels Boylo neamd wurdt. Mooglik hat men it Beul neamd (lykas de bewenners it no noch neame) nei beulje = hurd wurkje. Hurder as normaal, omdat de grûn dreger as earne oars te bewurkjen wie. It kin ek buil wêze = beult, as it lykas no noch heger as de omjouwing lei. Net sa frjemd, want fanwege de oerstreamingen fêstige men him leaver wat heger. It kin ek komme fan it âldfryske beile, it Fryske bule of Nederlânske bûl dat rûning, swelling betsjut. Dat it yn boskryk gebiet lei tsjut it lo = bosk út it neamde Boylo oan.
It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. It gebiet wurdt noardlik derfan begrinze troch it rivierke De Linde. Bewesten leit it doarp Oosterstreek en beëasten Elsloo. Yn it doarp stiet in Saksyske pleats, binne ferskate sânpaden, wurde landerijen en kavels omkringe troch natuerlike houtwâlen en is der in oantal lytse heidefjilden en fennen. It hjoeddeiske agraryske gebrûk is benammen molkfeehâlderij, ikkerbou en leeljetylt.
TsjerkeBewurkje
De tsjerke sûnder toer is út de 13e iuw. It klokhús is út 1600 en is yn 1904 renovearre. De klok yn it klokhús is ien fan de âldste in Nederlân, mei it râneskrift: Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In't jaer van ons Heeren 1399. (''En lied tûk, myn namme is Martinus' klok. Yn it jier fan ús Hear 1399.) Op 20 juny 1509 is de ynstitúsje fan Lambertus Alteti ta de St. Martinusparochytsjerke yn Boilo, fakant troch de dea fan Reynerus, krêftens presintaasje fan hartoch George fan Saksen, mei befel ta ynbesitstelling bepaaldelijk aan den deken Hinricus ten Velde te Vollenhoe. Blykber mochten de parochianen net sels oer de amten beslisse. De Martinustsjerke fan Boyl hie ek in fikary dy't wijd wie oan Sint Anne.
MienskipBewurkje
De Tille is it doarpshûs fan Boyl. De iepenbiere Daltonskoalle hjit 'Oosterbrink'. Ien kear yn 't jier is it Hökenfeest.
BefolkingBewurkje
FerieningsBewurkje
- Fuotbalferiening Boyl
- VMC - motorklub
StrjittenBewurkje
Alteveerswei, Bekhofwei, Boekelterwei, Boylerwei, Boschoordwei, De Brink, De Daoken, De Griene Seam, Doldersumsestrjitte, Dwersfeartwei, Eastfjirdeparten, Klokkewei, Meulepolle, Meuleveldwei, Reewei, Rysberkamperwei, Skoalleleane, Tsjerkewei, Verwerswei, Veurmanswei.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Haadplak: Wolvegea | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert | |
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) |