Spangea is in doarp tusken de Rottige Meente en de Linde yn it suden fan de gemeente Weststellingwerf. Under Spangea falt ek in diel fan 'e buorskip Grêft.

Spangea
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 199 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,35 km², wêrfan:
- lân: 8,01 km²
- wetter: 0,33 km²
Befolkingsticht. 24 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8482
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 53' N 5° 53' E
Lokaasje Spangea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Spangea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Kaart
Spangea (Fryslân)
Spangea

Spangea hat 199 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Spangea ûnstie lykas de oare doarpen yn de Grutte Feanpolder yn 'e midsiuwen. It doarp waard yn 1320 Spangghe neamd en yn 1399 Spangen. Yn de 16e iuw folgen nammen lykas (De) Spange, Spanghe en Spange. Yn de 19e iuw waard it doarp Spangen en Spanga neamd.

Yn de Tachtichjierrige oarloch waard tusken Kuunder en Spangea in fersterking of skâns boud mei de namme Slikenboarch. Fan de hichte ôf koe de hiele Sudersee oersjoen wurde. Boppedat wie dat it plak dêr't De Tsjonger en de Linde by inoar kamen, sadat dêr tol heft wurde koe.

 
Tsjerke fan Spangea (Stellingwerf, 1721)

Tusken de doarpen waarden ynearsten paden lein en letter ek bredere diken foar hynder en wein. De paden wienen de binnendiken, wylst de bredere diken de bûtendiken foarmen. Sa ûntstie ek de Grindwei. De grûn wie net folle wurdich en de namme Rottige Meente betsjut dan ek minne grûn. De feangrûn koe lykwols wol brûkt wurde foar it winnen fan turf en troch it ôfgraven dêrfan ûnstiene petgatten, dy't mei stoarmen grutter waarden sadat de markes wer foar fiskerij brûkt wurde koene. De turf moast ek ferfierd wurde en dêrom waard fanút Spangea in kanaal fierder Weststellingwerf yn groeven, dat no de De Skene hjit.

Spangea hat in eigen tsjerke hân, dy't yn 1820 ôfbrutsen is. Op it tsjerkhôf stiet no in klokkestoel mei in yn 1761 getten klok, dy't it iennige ryksmonumint fan it doarp is.[3]

By de Wettersneed fan 1825 waard ek Spangea slim troffen.

Op 16 april 1945 waard by in gefjocht tusken de Kanadeeske befrijers en in weromlûkende SS-kolonne Harmen Visser by Spangea deasketten. Ta syn neitins is der yn it doarp in monumint oprjochte.[4]

Tusken 1984 en 2013 stie Spangea bekend as in earrebarredoarp. Yn 2013 waard it earrebarrestasjon sletten, mar der binne yn 'e omkriten fan it doarp noch jimmeroan in soad earrebarren te sjen. [5]

It doarp hat mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in mienskiplike feriening foar Pleatslik Belang .

  • Jankfoddekoar Kommer en Geklach

Evenemint(en)

bewurkje seksje

Sûnt 1989 wurdt alle jierren yn augustus de Opera Spangea organisearre.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2007
Ynwenners 121 483 428 357 283 265 214
Jier 2015 2020
Ynwenners 203 191

Spangea leit tusken de natoergebieten De Weerribben en De Rottige Meenthe yn. De Grutte Feanpolder waard yn 1847 nei de turfwinning oprjochte. Troch ûntwettering yn it ramt fan ruilferkaveling en it brûken fan wetter foar de agraryske sektor hat it gebiet te lijen fan in foarse boaiemdelgong.

Grêft, Lindedyk, Marktwei, Nijewei, Pieter Stuyvesantwei, Spangeahoekwei, Seedyk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Voorloopige lijst der Nederlandsche monumenten van geschiedenis en kunst. Deel IX. De provincie Friesland (1930)
  4. Side 4 en 5 maaie
  5. Ljouwerter Krante, 23 jannewaris 2013

 
Weststellingwerf
 
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje