De Blesse

De Blesse
Himrik fan De Blesse
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2017) 802
Huzen 353
Koördinaten 52° 51' NB, 6° 2' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8397
Webstee www.deblesse-peperga.nl

                             

Mûne De Mars yn De Blesse
Herfoarme Evangelisaasjekapel (net mear brûkt)

                       

De Blesse is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea oan de wei nei Oerisel (Overijsselseweg). It doarp hat likernôch 800 ynwenners. De fiertaal is meast Stellingwerfsk.

De Blesse is goed berikber mei it iepenbier ferfier. Rjochting Wolvegea/It Hearrenfean en Noardwâlde rydt Arrivabus, line 26. Dy jout yn Wolvegea oansluting op de treinen fan/nei Ljouwert/Swol. Rjochting Stienwyk en Marknesse/Emmeloard rydt Connexxionbus, line 76; yn Stienwyk is in goede oansluting op de treinen fan/nei Swol/Ljouwert.

SkiednisBewurkje

Yn 1413 wurdt it doarp op befel fan de biskop fan Utert ôfbaarnd.

Yn de 17e iuw koe it rivierke de Linde allinnich oerstutsen wurde mei in pontsje. Earst yn 1668 kaam der in brêge, neidat de skâns fan de Lendeliny troch Múnsterske soldaten fernield wie.

De Blesse is noch net sa'n âld doarp. Foar de 19e iuw stienen dêr mar in pear pleatsen dy't destiids noch ûnder Blesdike foelen en foar in part by Pepergea hearden. De 'Ryksstrjitwei' (Stienwikerwei) waard yn de jierren tachtich geandewei drokker troch tanimmend fracht- en autoferkear. Dêrnei waard besletten om de autosneldyk A32 oan te lizzen. Dy kaam oan de eastkant fan it doarp by Pepergea neist it spoar. De geunstige lizzing oan de eardere Ryksstrjitwei (Stienwikerwei) tusken Ljouwert en Swol soarge der ek foar dat der in soad huzen byboud waarden. Oan de eastkant fan dy wei ûntstie in nije doarpskearn, dy't letter De Blesse of Blessebuert neamd waard. Dêrtroch koe it doarp him fierder ûntwikkelje.

Oer de ôfkomst fan de doarpsnamme wurde ûnderskate bewearings dien. Sa soe de namme komme fan it rivierke "Bles", dy't op syn bar ôfkomstich blykt te wêzen fan de famylje "Van de Bles", dy't yn de 15e iuw op in pleats "De Oude Bles" tichteby De Eese wennen. Der binne ek ûndersikers dy't de namme "Bles" yn ferbân bringe mei de betsjutting fan "plasse".

De "Bles" streamde út it "Noordwoldigerveen" wei, efter Finkegea en Steggerda lâns, oer de râne fan De Eese nei "Knienebargen". It lêste part rûn by de Ryksstrjitwei lâns, om úteinlik út te mûnjen yn de Lende. In part fan it âlde streamke waard by âlds útgroeven en krige bekendheid ûnder de namme Blesser Feart.

Om 1850 hinne stienen der in mûne en in skoalle. Om dy tiid hinne wienen der ek alle jierren twa biste- en hynstemerken: de iene op pinkstertiisdei en de twadde op de earste tiisdei fan oktober.

It besjen wurdichBewurkje

  • Blesbrêge - Earder ien fan de wichtichste plakken foar de ferkearsstreamen tusken Oerisel en Fryslân, dêr't de leechte fan De Lende foarbygien waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat him om de brêge hiel wat ôfspile. Sa waard op 6 maart 1944 in ridende trein út Wolvegea wei ûnder fjoer nommen, de trein kaam ta stilstân by it saneamde "Swarte Weggetje", flakby de Blesbrêge. De spoarbrêge oer De Lende waard ek besketten. Op 4 maaie 2005 hat de Feriening Histoarje Weststellingwerf in tinkstien by it "Swarte Weggetje" set.
  • Lendefallei
  • Nôtmûne De Mars

MienskipBewurkje

De Blesse en Pepergea hawwe mei-inoar in doarpsferiening Pleatslik Belang De Blesse-Pepergea “Ta Nut en Genoegen”, oprjochte op 10 desimber 1864. It doarp hat in iepenbiere skoalle en in benzinestasjon.

BefolkingBewurkje

FerieningsBewurkje

StrjittenBewurkje

Boppewei, Domeinewei, Ikeleane, Ingelskesteech, Eskdoarnstrjitte, Franke Deddenstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Kninebergen, Markewei, Master Baasstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Nijstrjitte, Spoarleane, Stienwikerwei.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)