Skerpenseel (Fryslân)

Skerpenseel (Fryslân)
Himrik fan Skerpenseel (Fryslân)
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 31
Ynwenners (2007) 449
Huzen 183
Koördinaten 52° 50' NB, 5° 52' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8483
Webstee www.groteveenpolder.nl

Skerpenseel is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdwest fan de Rottige Meente. It doarp hat likernôch 420 ynwenners (2008). It leit súdwest fan Wolvegea, tusken Wolvegea en De Kúnder.

Monumint Stuyvesant by Skerpenseel

SkiednisBewurkje

Al om 1100 hinne wennen minsken yn de krite dy't no de Grutte Feanpolder neamd wurdt, mar pas yn de midsiuwen kaam de bewenning echt op gong. Der waarden wenten, sis mar hutsjes boud, meastentiids yn tropkes by elkoar. Sa ûntstienen de doarpen yn de Grutte Feanpolder: Munnikebuorren, Skerpenseel, Spangea en letter De Langelille en Nijetrine. Tusken dy doarpen wienen ek ferbiningswegen. Dat wie earst in soarte karrespoar (it Fuotpaad). It wie in saneamde 'Binnenwei'. Doe't it ferlet oan mear en bettere ferfiersmooglikheden groeide, waarden uk 'Bûtenwegen' oanlein. Dy wienen breder en weinen mei hynders der foar koenen der gebrûk fan meitsje. Sa ûntstie bygelyks de Grindwei.

Skerpenseel is it sintrale doarp fan de Grutte Feanpolder, der binne noch ferskate winkels: in supermerk, bakker en warenhûs. Der is ek in brânwarkazerne yn it doarp dy't de Grutte Feanpolder as wurkgebiet hat en dêrneist geregeld de brânwar fan Wolvegea helpe moat by brannen yn Wolvegea.

MienskipBewurkje

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang.

FerieningsBewurkje

De fuotbalklub fan Skerpenseel is de op 29 febrewaris 1932 oprjchte club V.V. De Westhoek. De thúshaven fan De Westhoek is tsjintwurdich it sportkompleks It Scheenefjild en de Skeakel, fêstige yn Munnikebuorren. De akkommodaasje moat dield wurde mei fuotbalclub V.O.G.

Bekende ynwennersBewurkje

  • Peter Stuyvesant, de stifter/oprjochter fan Nij Amsterdam (no New York), is hjir grutbrocht. Oer syn berteplak binne ferskillende ferhalen, wêrûnder dat hy berne wêze soe yn Skerpenseel.
  • Dewi Pechler, earder Idols finaliste, is opgroeid yn Skerpenseel en wenne by de opnames fan it programma yn Skerpenseel.

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

De Kragge, De Ribbe, Fuotpaad, Gracht, Grindwei, Nijewei, Seedyk.

Iepenbier ferfierBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)