Easterstreek
Easterstreek (Stellingwerfsk: De Oosterstreek; Nederlânsk: Oosterstreek) is in doarp east fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf.
Easterstreek | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 550 (1 jannewaris 2022)[1] | |
Oerflak | 4,47 km² | |
Befolkingsticht. | 123 ynw. / km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Postkoade | 8388 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 54' N 6° 10' E | |
![]() | ||
Lokaasje Easterstreek (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
Side Easterstreek | ||
Kaart | ||
It doarp hat 550 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.
Skiednis Bewurkje
Yn de 19e iuw ûnstie der lintbebouwing oan de wei fan Noardwâlde nei Boyl. Sûnt 1988 hat de eastlik fan Noardwâlde lizzende streek de status fan doarp.
It oarspronklik lânskip fan 'e himrik bestie eartiids út heechfean, dat ôfgroeven waard yn 'e tiid fan de turfwinning. De sleat bylâns de Dwersfeartwei waard yn 'e twadde helte fan de 17e iuw foar de ôffier fan wetter en turf groeven as de Easter-Boppe-Dwersfeart.
Mienskip Bewurkje
It Kafee Doarpshûs is in multyfunksjonele sintrum fan it doarp. It doarp hat in pleatslik belang en de doarpskrante 'Keek op de Streek' wurdt elts fearnsjier útjûn.
Skoalle Bewurkje
Ferienings Bewurkje
- Biljertferiening
- Toanielferiening Easterstreek
- Feestferiening Easterstreek
- Fuotbalferiening 'Oosterstreek'
- Hanomagklub
- Krúsbôgeferiening BSO
Eveneminten Bewurkje
Berne Bewurkje
- Jeltje Baas (1944), byldzjend keunstner.
Ferskaat Bewurkje
- Sûnt 2017 is der yn it doarp 't Ballingehof, in edukatyf sintrum foar hynders mei gedrachsproblematyk.
- De Streekerhof is in lytse ôfdieling fan Trajectum, in soarchorganisaasje dy't spesjalistyske behanneling jout oan minsken mei in lichte ferstannelike beheining of minsken mei in forinsyske eftergrûn.
Strjitten Bewurkje
Dwarsvaartwei, Grinswei, Hooltpad, Easterskefjildwei, Easterstreek, Skoalstrjitte, Stienpaad.
Sjoch ek Bewurkje
Keppeling om utens Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Wolvegea | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert | |
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) |