Slikenboarch (plak)

Slikenboarch (Stellingwerfsk: Sliekenborg) is it lytste doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It leit yn de súdwestpunt fan de gemeente op it plak dêr't Tsjonger en Linde by elkoar komme. It doarp leit yn de Grutte Feanpolder op de grins fan Oerisel en Fryslân. Ien hûs dat by Slikenboarch liket te hearren, falt ûnder Oerisel en dus De Kúnder.

Slikenboarch
Sifers
Ynwennertal 39 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 1,70 km², wêrfan:
- lân: 1,64 km²
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 23 ynw. / km²
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Oar
Postkoade 8489
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 48' N 5° 50' E
Lokaasje Slikenboarch (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Slikenboarch (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Kaart
Slikenboarch (Fryslân)
Slikenboarch

Slikenboarch hat 39 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.

Skiednis Bewurkje

Yn de midsiuwen lei yn 'e himrik fan Spangea al in fear foar minsken dy't nei De Kúnder woenen. De rjochten fan it fear wiene fan it Skoatter konvint. Dêr moat doe in fersterke pleats of boarch mei de namme Slikenboarch stien ha.

 
Kaart mei û.o. de Slikenboargerskâns (rjochts yn it midden)

Yn de Tachtichjierrige Kriich lei der in fersterking op it plak dêr't de Linde en de Tsjonger gearrinne. Yn it rampjier 1672 moast de skâns, dy't it hiele lettere doarpke omfieme en de súdwestlike oanfierrûte fan Fryslân rjochting Ljouwert foarme, de optsjenjende troepen fan de biskop fan Munster keare. De skâns waard yn 1702 sljochte om de grûn te brûken foar de oanlis fan de nije Steatendyk tusken Skoattersyl en Slikenboarch om dy hoeke better te beskermjen tsjin it wetter. De skâns waard yn de Schotanusatlas út 1716 al net mear oanjûn.

Nei de reformaasje bleau in relatyf grut part fan 'e lokale befolking fan 'e Westhoeke katolyk. Yn 'e 18e iuw gyngen ûnder druk in tal katoliken oer op it protestantisme, mar der bleau oant yn 'e 20e iuw in grutte katolike minderheid bestean.[3]

Earder wie der in by it doarp, mar yn 'e himrik fan De Kúnder, ek in flapfrêge, dêr't tol betelle wurde moast. Yn 'e rin fan 'e 20e iuw waard dy brêge ferfongen troch in fêste brêge.

Mei't Slikenboarch yn 1987 de doarpsstatus krige, is Slikenboarch gjin buorskip mear fan Spangea.[4]

Mienskip Bewurkje

It doarp hat mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in mienskiplike feriening foar Pleatslik Belang.

Skoalle Bewurkje

Yn Slikenboarch stie oant 1934 de skoalle fan Spangea. Nei't dy sletten waard fanwegen te min bern geane de bern fan it doarp nei de skoalle yn De Kúnder.

Befolkingsferrin Bewurkje

Jier 1840 2015 2020
Ynwenners 68 42 39

Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers.

Strjitten Bewurkje

Lindedyk, Slikenboarch.

Sjoch ek Bewurkje

Keppeling om utens Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)