Teridzert

Teridzert
Himrik fan Teridzert
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 30
Ynwenners (2007) 319
Huzen 128
Koördinaten 52° 54' NB, 6° 2' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8476
Webstee www.ter-idzard.nl

Teridzert is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, noardeast fan Wolvegea. It doarp hat likernôch 319 ynwenners.

SkiednisBewurkje

It fermoeden bestiet dat der om 1100 hinne al sprake wie fan in folweardich doarp wêr't no Teridzert leit. Der soe doe al in ienfâldich tsjerkje of kapel west ha foar 150 à 200 parochianen. Foar de festiging fan in eigen tsjerke wienen fanâlds 10 erven genôch om in tsjerke te stiftsjen. Yn wat lettere tiid wurdt skreaun dat der 30 erven yn it doarp binne.

Yn in bewarre bleaune tsjerklike brief út 1309 dûkt foar it earst de namme Ydzerde op. Yn dat jier wurdt de parochy yn de ban dien fanwege wanhearrigens tsjinoer de biskop fan Aartsbisdom Utert.

Yn Teridzert moat ea in stins stien ha, de Idzerdastins. Op dat plak stiet no in pleats. Yn de tsjerke lizze ferskate leden fan de famylje Terwisscha. De Bonifatiustsjerke wie wijd oan Bonifatius. Op ien fan de sarken stiet ek harren famyljewapen. Ek binne der in trijetal epitafen of roubuorden fan de famylje Idzerda yn it tsjerke.

Nei goed 40 jier waard yn 2010 de tsjerke yn Teridzert wer yn gebrûk naam. Nei jierren fan restaurearjen wie it gebou wer goed genôch om aktiviteiten yn te organisearjen. Sneinske tsjerketsjinsten wurde der net mear hâlden, mar wol binne dêr rou- en troutsjinsten. Ek binne der konserten en toaniel-foarstellings yn de tsjerke.

BultfestivalBewurkje

Op het Omnyfjild, it fjild efter doarpshûs De Bult wurdt alle jierren it Bultfestival hâlden.

MienskipBewurkje

 
Komboerd Teridzert

It doarp hat in doarpshûs De Bult dêr't ek de feriening fan Pleatslik Belang syn gearkomsten hat. It is tagelyk doarpshûs foar Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde. De bern geane meast nei basisskoalle De Drie Doren Yn Aldeholtwâlde. "Efkes Bijspringe" is in frijwilligersorganisaasje.

BefolkingBewurkje

FerieningsBewurkje

  • De Slingerruters
  • De Vriendenkring - toaniel
  • Hearesoasjeteit er Idzerd
  • Advendo - kuorbal

StrjittenBewurkje

Boskpaad, Hamerswei, Idzardawei, Otterswei, Ruskemadenwei, Slingerwei, Vriesburgerwei.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)