Bonifatiustsjerke (Teridzert)

De Bonifatiustsjerke is in tsjerke en ryksmonumint yn Teridzert yn de gemeente Weststellingwerf.

Bonifatiustsjerke

De letgoatyske tsjerke út begjin 16e iuw wie eartiids wijd oan Bonifatius. Yn 1903 krige de tsjerke nei plannen fan W.A. Scheenstra en H. Edinga in toer en in nije westgevel. Yn 1926 krige de toer in spits. By it ynterieur hearre trije epitafen fan de famylje Fan Idzarda[1] en in kabinetoargel út de twadde helte fan de 19e iuw (yn 1937 setten troch Bakker & Timmenga).

De tsjerke is sûnt 1978 bûten gebrûk en is eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Yn 2009-2010 waard de tsjerke restaurearre. De tsjerke is in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Zwolle: Waanders. ISBN 90-400-9476-4

  1. http://www.ter-idzard.nl/?page=496