De Hoeve

De Hoeve
Himrik fan De Hoeve
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2014) 411
Huzen 146
Koördinaten 52° 53' NB, 6° 5' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8394
Webstee www.dorpdehoeve.nl

De Hoeve is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, west fan Noardwâlde. It doarp hat 429 ynwenners (2008). By de ruilverkaveling (begjin santiger jierren) binne der in soad húskes ôfbrutsen. Wyls binne en wurde der wer nije huzen boud. Der wurdt meast Stellingwerfsk praten.

tsjerkje De Hoeve
obs De Klaeter

SkiednisBewurkje

De Hoeve is noch net sa'n âld doarp, it waard foar it earst by namme neamd yn 1938. Op in kaart fan 1646 wie it gebiet allinnich noch mar heide. Net lang dêrnei wurde oan de Noardwâlderwei twa pleatsen set de Oosterhoeve en de Westerhoeve. Op in kaart fan grytman Willem van Haren út 1698 binne beide pleatsen te sjen. De pleatsen en it gebiet der omhinne wurde ek wol Finkegeahoeve en Steggerdahoeve neamd. Dit omdat se ticht yn de buert fan Finkegea en Steggerda leinen. De Westerhoeve lei bewesten de Noordwoolder Vaort en de Oosterhoeve lei oan in mar east fan de Noardwâlder Feart. De arbeiders fan de Ooster- en Westerhoeve bouden harren wenninkjes yn de lannen efter de pleatsen. Yn de rin fan de tiid kamen der mear húskes, dy't mei inoar in doarpke foarmen. Pas yn 1938 ûntstie it hjoeddeiske De Hoeve troch gearwurking fan dizze buorskippen.

Doe't yn 1642 de tastimming fan de Steaten fan Fryslân kaam om de Noardwâlder Feart te graven waard der, fanwege de wetterhúshâlding, yn 1650 in slûs yn de Linde boud. Dizze slûs soe letter de namme krije fan de destiidske slûsmaster Contermans. De namme Contermans, wêrnei't letter ek de dyk en de brêge neamd is, hie oarspronklik net 'n beste klank. Yn 1742 waard der troch feanbazen en skippers in brief oan de Staeten van Friesland rjochte oer de skutmaster Contermans, dy't allinnich mar skutte as hy der nocht oan hie. Hy woe de minsken leaver op harren plak hâlde, sadat hy se syn jenever ferkeapje koe. Dêrom liet hy nachts it wetter fuortrinne. Bloedhûnen holpen by it op ôfstân hâlden fan de skippers as dy der sels wat oan dwaan woenen.

De sânrêch dy't tusken it leechfean lei wie in rûge wyldernis en hiel min ûnlân. Dit waard mei bealgjen en wrotten brûkber makke. Faak wie it sa dat de eigener fan dat lân nei Dútslân ta moast om te meanen en haaien of ekstar wurk fûn yn de feanterij oan de baggelbak. Mei ede grutte húshâldingen yn dy tiid wie it tige earmoedich om troch de tiid te kommen.

Yn it begjin fan de 19e iuw waard de (Oosterhoevensk) Mar drûchlein. De Meerdiek, in âld paad dat lâns de mar rûn, is allang gjin trochgong mear, mar wurdt troch âlde minsken noch wol sa neamd. In heidemarke dat bekend stie as de Keizerspoel, wie oan it begjin fan de 20e iuw noch in snoekplekkie en lei yn it ferlingde fan de Keizerswâl. De Keizerswâl wie, krektas de Keizerspoel, neamd nei de famylje (Jan, Kobus en Geertien) Keizer. Hja wennen doe op it plak dêr't de Noardwâlder Feart in bocht makket.

In belangryk persoan foar De Hoeve wie Albert H. Kuipers. Hy wie ûnder oaren feanbaas en boer en de grûnlizzer fan de earste en ienige skoalle yn De Hoeve. Dit troch út namme fan noch ris 68 minsken in adres te rjochtsjen oan de provinsje. Hy hie in soad lân en stelde in stik grûn beskikber foar de bou fan de skoalle. De gemeente wie it der net sa bot mei iens: "Dan koenen der nòch wol ris trettjin skoallen yn Weststellingwerf stifte wurde en yn Steggerda soe dan de iepenbiere skoalle oerstallich wurde". Mar ek de sinten wienen in slim punt: "de haadlike omslach soe te swier drukkend wurde". Mar de provinsje seach yn dat der foar sa'n 70 bern fan tusken de fiif en tolve jier wol in skoalle komme moast. Ek omdat de diken winterdeis ûnbegeanber wiene en de bern alle dagen sa'n trije zo’n trije oant fiif oeren troch de blabze wrakselje moasten. De Provinsje hat de gemeente oansein in skoalle te bouwen op it dêrta oanbeane stee. Dit spile om-ende-by de jierren 1873 en 1876.

Om mei elkoar mear dwaan te kinnen waard yn 1908 it Pleatslik Belang oprjochte. De Jokweg waard oanpakt, earst mei pealtsjes en letter mei sân. In soad minsken hawwe destiids fergees stien fan Pepergea hjir hinne kroade foar de ferhurding fan de wei Steggerdahoeve. As der in gearkomst fan Pleatslik Belang wie naam elts syn eigen stoel mei nei skoalle ta. Sa'n jûn waard dan mei ferskes en foardrachten fol makke. Ek wie der dan in kopke sûkelarjemolke wêrfoar't de boeren molke jûn hienen. Wannear't der mear molke wie as needsaaklik, krigen de skoalbern de oare deis ek in kopfol. De minsken út De Hoeve moasten lange tiid nei Finkegea en Steggerda om nei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke te gean. In 1905 wurdt foar it earst op De Hoeve in hûstsjinst holden by Albert Hornstra. Pas yn 1920 hienen 74 minsken harren hantekening setten ûnder in fersyk om in eigen lokaal yn De Hoeve. It jier dêrop waard it tsjerkje oanbestege. Begjin 2005 wurdt besluten om der gjin earetsjinsten mear te hâlden en wurdt it gebou it atelier fan in pleatslike keunstner.

Benoardeasten it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.

Yn 2018 mocht De Hoeve him 'Kultureel Haaddoarp 2018' neame yn it ramt fan it projekt LF2018.

Kultuereel Haaddoarp 2018Bewurkje

De Hoeve hat himsels op 11 febrewaris 2014 offisjeel útroppen ta Kultuereel Haaddoarp fan Fryslân 2018. Dy status is fêstlein op it Stedhûs yn Ljouwert. Ljouwert is dan Kulturele Haadstêd fan Europa en De Hoeve wol by dat barren de Fryske doarpen fertsjintwurdigje.[1]

MienskipBewurkje

De iepenbiere skoalle yn De Hoeve hjit, sûnt de spannende striid foar it fuortbestean fan de skoalle, tsjintwurdich De Klaeter. De namme ferwiist nei de Rattelleane dy't eartiids yn de folksmûle Klaeterlaene hiet, mar dy namme mocht it fan B&W net offisjeel krije. Der is no wol in nije Klaeterlaene. Ek ferwiist de skoalnamme nei de ivich yn beweging wêzende bern. Krektas de altyd bewegende blêden fan de kletterbeam dy't yn it Nederlânsk ratelpopulier hjit. As ferwizing nei de Ooster- en Westerhoeve is der it al mear as tweintich jier alle moannen ferskinende doarpskrantsje OosterWester.

Pleatslik BelangBewurkje

Om mei elkoar mear dwaan te kinnen waard yn 1908 it Pleatslik Belang oprjochte. De Jokwei waard oanpakt, earst mei paaltsjes mei wite koppen en letter mei sân. In soad minsken hawwe destiids fergees stien fan Pepergea hjir hinne kroade foar it ferhurdzjen fan de wei Steggerdahoeve. As der in gearkomst wie fan Pleatslik Belang, naam elts syn eigen stoel mei nei de skoalle. Sa'n jûn waard dan mei lietsjes en foardrachten fol makke. Ek wie der dan in kopke sûkelarje wêrfoar't de boeren molke jûn hienen. As derr mear molke wie as nedich, waarden de skoalbern de oare deis op inkopke traktearre. Hast alle doarpsbewenners binne lid fan Pleatslik Belang. Yn 2008 fierde de feriening har 100-jierrich bestean.
Troch kuorbalklup De Hoeve, de ienige en yn 1939 oprjochte sportferiening dy't it doarp ryk is, is De Hoeve bekend troch de kleuren read en grien. Yn juny 2008, by gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan Pleatslik Belang De Hoeve, krige it doarp in eigen doarpsflagge.

FerieningsBewurkje

 
Doarpsflagge De Hoeve
  • Kuorbalclub De Hoeve

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Hoevewei, Ikenwei, Jokwei, Klaeterlaene, Contermanswei (ferneamd nei Jan Harm Contermans), Alde Jokwei, Ratelleane, Finkegeafeartwei.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Hoeve presenteert zich als Cultureel Hoofddorp, Webside 2018.nl, sjoen 16-02-2015
 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)