Willem fan Haren (grytman)
(Trochferwiisd fan Willem van Haren (grytman))
Willem van Haren (It Hearrenfean, 6 jannewaris 1655 – Sint Anne, 18 septimber 1728) wie in soan fan Ernst fan Haren en Catharina fan Oenema.
Hy brocht syn bernejierren troch op Oenemastate. Hy wie grytman fan inkele gritenijen:
- Doanjewerstâl (1679 - 1688).
- Weststellingwerf (1688 - 1711). Hy wenne op Huzinge Lindenoard yn Wolvegea.
- It Bilt. Wenplak Sint Anne. Hy skonk in tsjerkoargel oan de Van Harenskerk.
It Museum Willem van Haren op It Hearrenfean is nei him neamd.
Hy hie twa ferneamde pakesizzers:
- Willem van Haren (auteur) (Ljouwert, 21 febrewaris 1710 – Sint-Oedenrode, 4 july 1768), dichter.
- Onno Zwier van Haren (Ljouwert, 2 april 1713 – Wolvegea, 2 septimber 1779), auteur, diplomaat en politikus.