Museum It Hearrenfean

(Trochferwiisd fan Museum Willem van Haren)

Museum It Hearrenfean (Museum Heerenveen), it eardere Museum Willem van Haren, is in kultuerhistoarysk museum op It Hearrenfean.

Museum It Hearrenfean,
Museum Willem van Haren
  museum
Museum It Hearrenfean
Museum It Hearrenfean
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Flagge fan It Hearrenfean It Hearrenfean
plak It Hearrenfean
adres Minckelersstraat
koördinaten 52° 58' NB 5° 56' EL
Algemiene gegevens
ferneamd nei Willem van Haren
type Kultuerhistoarysk
oprjochting 1982
netwurk(en) Museumfederaasje Fryslân
Arsjitektuer
type gebou Skoalle
boujier 1682
monumint. status Gemeentlik monumint (Minckelersstraat 11)
Ryksmonumint (Van Harenspad 50)
monumintnûmer 0074/155 (Minckelersstraat 11)
21164 (Van Harenspad 50)
Offisjele webside
museumheerenveen.frl
Kaart
Museum It Hearrenfean (It Hearrenfean)
Museum It Hearrenfean
Lokaasje op It Hearrenfean

It museum is neamd nei Willem van Haren (grytman) (1655-1728). Fan 1944 ôf docht in gebou oan de Vleesmarkt tsjinst as âldheidkeamer, wêr’t in kolleksje ûnderbrocht is oer de skiednis fan It Hearrenfean. Yn 1982 ferhuzet de kolleksje nei in pân oan it Van Harenspaad en sûnt dy tiid hjit it: Museum Willem van Haren. Yn 1999 wurdt it neistlizzende eardere skoalgebou (MULO) by it museum lutsen, sadat der mear romte komt foar tentoanstellingen. It gebou hjit De Heerenveense School. Hjiryn sitte ek De Cirkel, in sintrum foar keunstsinnige foarming en fêstigingen fan VVV en ANWB.

Kolleksjes en tentoanstellingen

bewurkje seksje
  • Skiednis fan It Hearrenfean (mei in makette fan It Hearrenfean, sa’t it der yn 1830 útseach).
  • Tentoanstelling oer de foarname famyljes en harren betsjinners dy't in lângoed hienen yn It Oranjewâld.
  • It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is ûnderdeel fan it Willem van Haren Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: