Noardwâldster Feart
(Trochferwiisd fan Noardwâlder Feart)
De Noardwâldster Feart (Stellingwerfsk en offisjeel: Noordwoolder Vaort) is in feanfeart yn de gemeente Weststellingwerf. De feart rint fan Noardwâlde nei it easten en bûcht krekt foar it doarp De Hoeve ôf nei it noardwesten om by de observaasjehutte út te rinnen yn de Linde.
De namme Noordwoolder Vaort jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Noordwoldervaart.