Noardwâlde (Weststellingwerf)
Noardwâlde (Stellingwerfsk: Noordwoolde; offisjeel Noordwolde) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf.
Noardwâlde | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.625 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 12,42 km², wêrfan: - lân: 12,34 km² - wetter: 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 295 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8391 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53' N 6° 8' E | |
Lokaasje Noardwâlde (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Kaart | ||
Noardwâlde hat fia de N353 nei it suden ferbining mei Wilhelminaoard en Havelte en nei it noarden mei Aldeberkeap. Oer de Noardwâlder Feart hat it ferbining mei de Linde. It doarp leit net fier benoarden it trije-provinsjepunt fan Fryslân, Drinte en Oerisel. By Noardwâlde hearre ek de buorskippen Lombok, Mûnebuorren, Bûtenbuorren, Sânhuzen en it Reade Doarp.
Noardwâlde hat 3.625 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeNoardwâlde hie al yn de 12e iuw, mooglik sels de 11e iuw, in tsjerke. Dat wie in sealtsjerkje, dy't op in oar plak as de hjoeddeiske doarpstsjerke stie. De resten dêrfan binne yn 1920 ûndersocht en doe binne ek pealgatten fûn, mar it is net wis dat der ek noch in houten foargonger west hat. Oan wa't dy tsjerke foar de reformaasje wijd wie is net bekend.[3]
Noardwâlde is grut wurden troch de feanterij, dy't oan it begjin fan de 17e iuw útein sette. Nei't de feanterij healwei de 18e iuw ôfrûn, hat der ein 19e iuw, begjin 20e iuw in bloeiende reidflechtyndustry west. Yn 1866 stifte dûmny E. de Haan naai-en breidskoallen foar famkes en in matten- en klompmakkersskoalle foar jonges. Dat duorre net sa lang, de grûnstof wylgetien moast meast rinnende fierwei helle wurde.
Rotanyndustry
bewurkje seksjeDe rotanyndustry hat Noardwâlde lanlike bekendheid jûn. Dy yndustry ûntstie by tafal om 1825 hinne doe't in Dútske feanter in skoftke yn it doarp tahold. Dy man koe kuorkes fan yn 'e natuer groeiende wylgetienen flechtsje en hy learde dat ek in pear ynwenners. Al gau learden ek oaren kuorkes te meitsjen en yn 1860 wienen der al sa'n twahûndert húshâldings yn dy hûsyndustry dwaande.
Letter yn de 19e iuw krige dûmny Hindrik Edema van der Tuuk it idee om reiten stuollen te meitsjen. Hy die dat idee op yn Amsterdam, doe't er foar in winkel stie dêr't út Dútslân ymportearre stuollen ferkocht waarden. De materialen dêrfoar wienen by Noardwâlde foarhannen; ek wurkkrêften wienen der by de rûs en sa kamen lytse bedriuwkes fan 'e grûn.
Mei de ymport fan rotan út Nederlânsk-Ynje waard Noardwâlde it sintrum fan rotanyndustry. Oan 'e ein fan de 19e iuw waarden der yn en om Noardwâlde sa'n 200.000 stuollen it jier makke, dy't foar it meastepart mei it spoar oer Stasjon Pepergea útfierd waarden.
Yn 1918 iepene keninginne Wilhelmina de Ryks Reidflechtskoalle, dêr't it fak leard wurde koe. Troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch koe rotan net mear ynfierd wurde en nei de oarloch rekke de yndustry yn it neigean. Fan de yndustry is allinnich it Nasjonaal Flechtmuseum noch oer. De produksje fan rotanstuollen fynt hjoed-de-dei yn Yndoneesje plak.
Joadske mienskip
bewurkje seksjeFoarhinne hat der in joadske mienskip yn Noardwâlde wenne.[4] De earste joaden kamen yn 1750 yn it doarp. It tal joaden woeks letter oant in hichtepunt fan 66 yn 1809. Yn de desennia dêrnei waard it tal Joaden jimmeroan lytser, wêrnei't de mienskip harren by dy fan It Hearrenfean foege.
De joadske mienskip moat al foar 1786 in synagoge hân hawwe. Ek wie der in joadsk begraafplak, dêr't hjoed-de-dei noch mar trije grêfstiennen steane. It begraafplak wurdt sûnt 2003 ûnderhâlden troch it Nederlânsk-Israelitysk Tsjerkegenoatskip.
Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeYn 'e nacht fan 29 op 30 juny 1942 stoarte in Handley Page Halifax-bommesmiter del oan de Dwersfeartwei yn Noardwâlde. Nei alle gedachten waard de bommesmiter yn de omjouwing fan Frederiksoard troffen. De hiele bemanning fan acht persoanen kaam om it libben. Se kamen op it hôf fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke yn Noardwâlde oan de Haadstrjitte-East. In soad Noardwâldsters brochten de omkommen bemanning de lêste eare ta, ek al wie dat net nei't sin fan de besetter. De nammen fan de bemanningsleden fan de delstoarte Kanadeeske Halifax steane net fermelde op de tinkstien oan de Dwersfeartwei. Harren nammen steane op in monumint op it Earehôf Noardwâlde by de herfoarme tsjerke.[5]
Mienskip
bewurkje seksje'Het Vlechtwerk' is it myltyfunksjonele sintrum fan Noardwâlde. It doarp hie oant jannewaris 2023 in eigen doarpskrante, dêr't fanwegen brek oan mankracht in ein oan kaam. 'De Eendracht' is de namme fan it pleatslik belang.
Tsjerken
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Noardwâlde (Weststellingwerf).
- De Wikipedy hat ek in side Fuortsette Grifformearde tsjerke (Noardwâlde).
Skoalle
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksjeBefolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2007 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1792 | 4276 | 4248 | 4210 | 4000 | 3983 | 3845 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 3704 | 3565 |
Berne
bewurkje seksje- Johan Eilerts de Haan (1865-1910), militêr en ûntdekkingsreizger
- Johan van Minnen (1932–2016), sjoernalist en presintator
- Jeltje van Nieuwenhoven (1943), politika
- Theo van de Bles (1950), politikus
Museum
bewurkje seksjeFerskaat
bewurkje seksje- Yn 2005 kaam der in nije muzykkoepel op it Manauplein. Oan de muzykkoepel is in plakette fan de spylman fan de heide, akkordeonist Bertus Lacher, oanbrocht.
- De Dobbe is in iepenloftswimbad. By Spûkedaam is in plasse, dêr't simmerdeis ek swommen wurdt.
- Mole Wynlust is iepen foar publyk.
- It doarpsargyf fan Noardwâlde hat plak yn in romte fan it Nasjonaal Flechtmuseum.
Strjitten
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |