Wilhelminaoard (Nederlânsk en offisjeel: Wilhelminaoord) is in koloanjedoarpke yn it súdwesten fan Drinte, yn de gemeente Westerfjild, flak oer de Fryske grins by Noardwâlde. It doarp hat ûngefear 800 ynwenners, dêr't in grut diel ôfstammet fan de eardere kolonisten.

De himrik yn Westerfjild

Wilhelminaoard is stifte troch de Maatskippij fan Woldiedichheid dy't yn 1818 begûn mei de ûntginning fan terreinen yn Súdwest-Drinte en it oangrinzjende Fryslân en Oerisel. De maatskippij bea in ienfâldige wenning, in lyts lapke grûn foar de kânsearme befolking út gruttere stêden. Wilhelminaoord waard in doarp foar de kolonisten, krektas Frederiksoard en Willemsoard.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Wilhelminaoard bestiet foar in diel noch út de oarspronklike kolonistewenten. Oan de râne fan it doarp stiet in Nederlânsk Herfoarme Koloanjetsjerkje, in yn 1851 boude wettersteatstsjerke. Fierders steane der de oarspronlike koloanjehuzen en in prehistoarysk sintrum dat part is fan de Haachske Skoalle- en bernetunen.

In part fan Wilhelminaoard is tegearre mei Frederiksoard in beskerme doarpsgesicht. Fierder hat it doarp in oantal ryksmonuminten.

De pleatslike fuotbalferiening Old Forward, oprjochte op 25 maaie 1898, is op Achilles 1894 nei de âldste noch besteande fuotbalferiening yn de provinsje Drinte.