Maatskippij fan Woldiedichheid

De Maatskippij fan Woldiedichheid wie in partikuliere organisaasje yn de 19e iuw dy't earmoedige húshâldings, meastentiids út de grutte stêden, helpe woe om in bestean op te bouwen as boer. Nei de Frânske oerhearsking is it lân beroaid. Yn de grutte stêden libbet de helte fan de ynwenners ûnder de earmoedgrins. De Maatskippij moat net betize wurde mei de Maatskippij fan Wolstân.

Plattegrûn Maatschappij van Weldadigheid yn de twadde helte fan de 19e iuw: Willemsoard, Frederiksoard, Wilhelminaoard en koloanje VII
Kolonistewente yn Willemsoard

Yn 1818 waard de Maatskippij fan Woldiedichheid oprjochte troch generaal Johannes van den Bosch dy't de earmoedichste húshâldings nei de Frânske oerhearsking helpe woe. Van den Bosch kocht yn Drinte woeste grûn oan sadat de earmen dizze ûntginne koenen. It lângoed 'Westerbeeksleat' yn it hjoeddeiske Frederiksoard, waard it bestjoerlik sintrum fan de Maatskippij fan Woldiedichheid.

Fersykskrift oan Kening Willem I ta oprjochting fan de Maatskippij fan Woldiedichheid

bewurkje seksje
 
Johannes van den Bosch

Sire!
Gâns ûnderdienen fan Jo Majesteit hawwe har feriene om in Maatskippij fan Woldiedichheid op te rjochtsjen ûnder de beskerming fan Syn Keninklike Heechheid Prins Freark, mei it eachmerk om oan de soad klassen fan earmoedige ynwenners arbeid te ferskaffen en soks yn de Earste plak middels Fabrykmjittige ynrjochtingen foar it meitsjen sokke produkten dy't hielendal of foar it grutste part út it bûtenlân ynfierd wurde, it debyt dêrfan te fersekerjen troch in frijwillige oerienkomst fan de leden fan de Maatskippij, om Jierliks in seker tal produkten dy't sa makke binne te krijen tsjin fêststelde prizen. Ten twadde troch it ûntginnen en fruchtber meitsjen fan noch net ûntgûne grûnen yn ús heitelân, en dêrop by wize fan Kolonisaasje oer te bringen sadanige Earmen dy't foar dizze arbeid geskikt achten wurde binne.
(Oanhef fan in troch Johannes van den Bosch ûndertekene fersykskrift yn 1818)[1]

De proefkoloanje

bewurkje seksje

Johannes van den Bosch pakte fuort troch. Op 25 augustus 1818 - ien wike nei de oankeap fan it lângoed Westerbeeksleat troch de Maatskippij - lei hy de earste stien foar de earste kolonistewenning. Op 29 oktober 1818 kamen de earste húshâldings oan yn de koloanje, dy't earst in ‘proefkoloanje’ wêze sil. Meiinoar binne 52 húshâldings út alle dielen fan Nederlân 'útkard' om mei te dwaan oan it eksperimint fan Johannes van De Bosch. Nei fjouwer-en-in-heal jier wennen der noch 42 húshâldings ûnder de hoede fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. In grut diel fan harren is der oan har dea ta wenjen bleaun. Harren wederwarichheden binne wiidweidich beskreaun troch Wil Schackmann yn : ‘De Proefkolonie’.[2]

De frije koloanjes

bewurkje seksje

De maatskippij boude dêrnei fêste koloanjes, besteande út lytse koloanjehúskes mei in laapke grûn. Dy húskes stienen op fêste ôfstannen fan elkoar oan kearsrjochte wegen. De koloanjes I en II waarden letter omfoarme ta it doarp Frederiksoard, de oare koloanjes ta de doarpen Willemsoard (yn Noardwest-Oerisel) en Wilhelminaoard en Boschoord. Hjir waarden yn de perioade 1818-1911 sa'n 1400 húshâldings opfongen. Om de befolking op te fieden en te frijwarjen fan kwealike ynfloeden, stifte de Maatskippij eigen skoallen en fierde se 'koloanjejild' yn. Dat jild hat net sa lang bestien, mar de skoallen wol. Neist legere skoallen, stifte de maatskippij ek beropsopliedingen lykas it fan 1823 oant 1859 eksploitearre 'Ynstitút foar de Lânbou' yn Wateren en de 'Gerard Adriaan van Swieten' túnbouskoalle en boskbouskoalle yn Frederiksoard en de 'Gerard Adriaan van Swieten' lânbouskoalle yn 1884 yn Willemsoard. De stifting fan dizze skoallen waard mooglik makke troch in skinking fan de âld-majoar fan de kavalery, F.H.L. van Swieten.[3]. De túnbouskoalle is novimber 2005 ferhuze nei Meppel.

Kolonisten koenen as beleanning foar flitige arbeid en goed gedrach in koperen, sulveren of gouden medalje krije, mei dêroan in jierliks jildbedrach ferbûn fan respektivelik 2,5, 5 en 10 gûne. Wa't oantoane koe, dat hy fan de opbringst fan syn lân en fee genôch bestean koe, krige de sulveren of gouden medalje en koe befoardere wurde ta pachter of frijboer. De oanstelling ta wykmaster of pleatsing as hoevenaar op ien fan de grutte pleatsen by Ommerskâns of Feanhuzen wie dêrnei in longerjend alternatyf. [4]

 
Spitketen te Lombok/Noardwâlde súd, ±1900

Desperado-koloanjes

bewurkje seksje

Guon, benammen jongere - út de koloanje fuortstjoerde kolonisten - fêstigen har yn de direkte omkriten yn hastich boude spitketen en foarmen de saneamde desperado-koloanjes lykas yn Nijensleek, Vledderveen, Noardwâlde-Súd of Marijenkampen (by Stienwyk). [5]

Earmoedebestriding yn de njoggentjinde iuw

bewurkje seksje

Nederlân wie oan it begjin fan de 19e iuw, nei de Frânske oerhearsking, slim ferearme. In soad húshâldings libben yn de stêden en op it plattelân yn heukerige situaasjes. It hat de fertsjinste fan Johannes van de Bosch west, dat hy dit probleem ûnderkende en dat hy ek echt wat die om te besykjen de earmoede út te bannen. Uteinlik mislearre dit, omdat hy troch de ôffallende opbringsten hieltiten wer jild liene moast om de koloanjes yn stân hâlde te kinnen.

Foar de kolonisten betsjutte pleatsing yn de saneamde frije koloanjes in geweldige yngreep yn harren libben. Party waarden letterlik út de stêd wei 'oerplante' yn in foar har frjemde omjouwing as it Drintske plattelân. Guon wisten har goed te rêden, mar oaren gienen graach werom nei it plak fan herkomst.

De kolonist Pieter Arends fûn dat it libben yn de koloanje him moaier foarspegele wie as it yn werklikheid wie. Doe't hy hjiroer syn beklach die yn in brief oan syn suster krige de lieding fan de koloanje dit te hearren. It kaam him op in skrobbearring fan de direkteur fan de koloanje (Benjamin van den Bosch, broer fan Johannes) te stean, dy't gjin goed wurd foar him oer hie en him "in grutte domme loaikert' neamde. Op it lêst wist Arends dochs de posysje fan frijboer yn Ommerskâns te berikken. [6]

Krityk op de koloanjes

bewurkje seksje

It inisjatyf fan Johannes van de Bosch ward it sterkst bekritisearre út konservatyf kristlike hoeke. Benammen de Réveil-beweging wie fan miening dat de minske net yngripe mocht yn de troch God beskikte oardering. Dirk van Hogendorp, learling fan Willem Bilderdijk, dy't mei syn freon Jacob van Lennep op de koloanjes kaam te sjen, fûn dat de Maatskippij fan Woldiedichheid, omdat se net godstsjinstich wie, wol ten ûnder gean moast. Ek Isaäc da Costa en Ottho Gerhard Heldring wienen fûle bestriders fan de ideeën fan Van der Bosch. Nei harren opfetting hearden earmen en guon dy't har net rêde koene by de maatskippij, sadat begoedigen en riken harren barmhertigens toane koenen as blyk fan de kristlike neisteleafde.

Strafkoloanjes

bewurkje seksje
 
Feanhuzen (twadde gesticht), no museum

Yn Feanhuzen en Ommerskâns waarden strafkoloanjes oprjochte. Hjir waarden swalkers en bidlers opsluten en oan it wurk setten. Mar ek kolonisten koenen hjir bedarje, bygelyks as straf foar drankmisbrûk, ûntucht, jild fergriemen, brutaliteit of desersje. Yn 1859 waarden de koloanjes oernomd troch de Nederlânske steat. Yn 1890 waard Ommerskâns sluten. Feanhuzen is hjoed de dei in gewoane finzenis.

Fan 1896 tot 1901 waard yn Feanhuzen en Ommerskâns de signalemintskaart ynfierd. De betinker fan dit systeem wie de Frânsman Alphonse Bertillon (1853-1917). Hy fûn dat op basis fan krekte lichemsmjittingen de identiteit fan it yndividu fêstlein wurde koe. Op dit ienfâldige teoretyske prinsipe boude Bertillon in komplisearre identifikaasjemetoade wêryn lichemsmjittingen sintraal stienen. Omdat it minsklik yndividu net allinnich yn getallen te fangen is, wiene oanfoljende beskriuwings op dizze sinjalemintskaart needsaaklik. [7]

Tsjintwurdich

bewurkje seksje

Yn de 20e iuw waarden foar ûnmaatskipliken wenskoallen oprjochte, dy no krekt wol in de grutte stêden wennen.

De Maatskippij fan Woldiedichheid is tsjintwurdich (2003) in stifting en behearder fan 1400 hektare kultuer- en boskgrûn, wêrûnder in diel fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Yn it museum 'de Koloanjehof' yn Frederiksoard lit de Maatskippij sjen wat it libben yn de koloanjes ynhâlde. Yn in databank kinne jo dêr neigean oft ien fan jo foarâlden yn de koloanjes tahâlden hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Westendorp Boerma, Dr. J.J. Johannes van den Bosch als sociaal hervormer, de maatschappij van weldadigheid, Grins 1927
  2. Schackmann, Wil De proefkolonie, vlijt, vaderlijke tucht en het weldadig karakter onzer natie, Amsterdam 2006 ISBN 90-458-4854-6
  3. Encyclopedie Drenthe Online
  4. Westendorp Boerma, Dr. J.J. Johannes van den Bosch as sosjaal herfoarmer, de maatskippij fan woldiedichheid, Grins 1927
  5. Sjoch bygelyks: de libbensbeskriuwing fan Johannes Mooij
  6. Argiven Maatskippij fan Woldiedichheid, tagongsnûmer 0186, inv. nr. 50
  7. Ynformaasje Drintsk Argyf