Feanhuzen (Noardenfjild)
Feanhuzen[1] (Nederlânsk en offisjeel: Veenhuizen) is in plak yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte.
Skiednis
bewurkje seksjeFeanhuzen tankt syn bestean oan de bou fan trije grutte gestichten foar bidlers, omswalkers en wezen yn it jier 1823. De Maatskippij fan Woldiedichheid woe de ermen mei arbeid weropfiede. Yn it earstoan joech men earme húshâldings út de stêden de gelegenheid frijwillich nei Drinte ta te kommen en har dêr yn koloanjes te fêstigjen. It idee hjirefter wie dat men sa as boer in nij bestean opbouwe koe. Plakken as Frederiksoard en Wilhelminaoard binne ek op dizze wize ûntstien. Omdat blykber net eltsenien út frije wil dizze oplossing kieze woe, boude de Maatskippij yn Ommerskâns en Feanhuzen grutte fjouwerkante twanggestichten.
Elk gebou joech ûnderdak oan gemiddeld 1200 finzenen, of 'ferpleechden' sa't se doe noch neamd waarden. Se waarden ûnderbrocht yn sliepsealen fan 80 minsken, dy't oerdei omboud waarden ta wurk- en ytsealen. De kenmerkende gebouwen yn Feanhuzen wurde tsjintwurdich mear en mear bewenne troch boargers dy't neat te krijen hawwe mei Justysje. Yn de jierren santich fan de tweintichste iuw waarden Norgerhaven en Esserheem omboud ta bewarplak foar swierstraften.
Trije grutte strafynrjochtings
bewurkje seksjeYn 1859 naam de ryksoerheid de gestichten oer en makke der yn de jierren santich fan de 19e iuw rykswurkynstellings fan. Justysje boude om 1900 noch twa nije finzenissen, ûntwurpen troch Johan Frederik Metzelaar en syn soan Willem Cornelis Metzelaar: Norgerhaven en Esserheem. Heit en soan ûntwurpen dêrneist in soad bewarderswenten en tsjinstgebouwen. In diel dêrfan is wyls ferkocht, mar in grut oantal gebouwen is oant hjoed de dei besit fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).
Yn de bosk by it dorp stiet noch in finzenis: Bankenbosch. Hjoeddeisk hat Feanhuzen dus trije grutte ynrjochtings. De lêste, Bankenbosch, moast lykwols yn 2009 har doarren slute fanwege it oerskot oan sellen yn Nederlân.
Sletten poarten
bewurkje seksjeSûnt 1970 wenje der yn Feanhuzen gjin 'ferpleegden' mear. It doarp hat lykwols noch altiten trije strafynrjochtings, wêryn mei-elkoar mear as 1.000 detinearden fêstsitte. Feanhuzen is pas sûnt 1981 frij tagonklik. Dêrfoar mochten – neist de finzenen - allinnich it finzenispersoniel en harren húshâldings it doarp yn. Wa't mei pensjoen gie of in baan bûten Feanhuzen fûn, moast ferhúzje.
Monuminten
bewurkje seksjeYn Feanhuzen steane mear as 100 ryksmonuminten, wêrûnder de elektrisiteitssintrale, it âlde hospitaal en fansels it Twadde Gesticht: it ienige gesticht dat de tiid trochstien hat, al is ien fan de fjouwer fleugels ferdwûn. Yn dit gesticht, wêryn lange tiid detinearden tewurksteld wienen, sit tsjintwurdich it Finzenismuseum.
Munysjekompleks
bewurkje seksjeNeist justysje hat ek it Ministearje fan definsje in munysjekompleks yn Feanhuzen. Dit munysjekompleks is ien fan de grutste yn Europa.
Brânwar
bewurkje seksjeOm de feilichheid yn de trije grutte Penitintiêre Ynrjochtings (Esserheem, Norgerhaven, Bankenbosch) te boargjen, hie it Ministearje fan Justysje oant 2002 in eigen brânwarkorps. Yn 2002 is dit korps oernomd troch door de gemeente Noardenfjild,dêr't it no ien fan de fjouwer brânwarposten is. It Ministearje fan Definsje hat op it Munysje Magazinekompleks (MMC) noch wol in eigen bedriuwsbrânwarkorps.
Begraafplak
bewurkje seksjeIt begraafplak fan Feanhuzen wurdt wol synysk it Fjirde gesticht neamd. It yn fearnsparten ferdielde hôf leit sa'n oardel kilometer bûten it doarp en de gestichten, mar wie foar beide ornearre. Ien part wie ornearre foar it doarp, in part foar it personiel en in part foar de finzenen. Dy lêsten waarden oant 1875 anonym bedobbe — de grêven binne hast werom te finen. Tusken 1823 en 1875 binne dêr goed 11.000 minsken beïerdige. Herfoarmen en katoliken waarden fan elkoar skieden. Eartiids wie der ek in joadsk begraafplak op itselde perseel, mar de stoflike omskotten binne letter ferhuze nei Hoarn.
Omkriten
bewurkje seksjeTusken Feanhuzen en De Fochtel leit it natuergebiet it Fochtelerfean, ûnderdiel fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. It gebiet is yn de jierren '90 fan de foarige iuw twa kear hielendal troch brân ferwoaste, mar hat himsels wer opholpen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noardenfjild | ||
---|---|---|
Doarpen: Roan • Altena • Feanhuzen • Ien • Langelo • Leutingewolde • Lieveren • Nietap • Nij-Roan • Noarch • Peest • Peize • Peizermade • Roaneries • Roanerwâlde • Steenbergen • Westervelde • Zuidvelde | ||
Buorskippen: Allardseach (foar in part) • Alteveer • Amerika • Boerlaan • Ien-West • De Streek • Foxwolde • Huis ter Heide • Klunderveen • Matsloot • Norgerfeart (foar in part) • Oostindië (foar in part) • Peizerwold • De Pol • Sandebuur • Terheijl | ||
· · |