Altena (Drinte)
Altena is in buorskip yn de gemeente Noordenveld yn Drinte.
Altena leit op ûnfgefear twa kilometer ôfstân fan it doarp Peize en leit oan de trochgeande wei fan Peize nei Lieveren, dy't hjir krúst mei wegen nei Roden en Norg. Altena foel eartiids ûnder de gemeente Peize. De namme betsjut letterlik al te nei, "te ticht by" (fergelykje Alteveer, al te fier).[1]
It doarp telde yn 2008 310 ynwenners.[2] Altena hat in eigen basisskoalle en in doarpshûs.
Yn omlizzende streek steane in tal ferspraat lizzende pleatsen. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw groeide de lokale befolking troch ûntginning fan it tichtbylizzende fean. Oan 'e ein fan dy iuw besleat de gemeente in basisskoalle te bouwen. Healwei de tweintichste iuw waarden in oantal nijbouwenten setten en krige Altena syn hjoeddeiske foarm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Noardenfjild | ||
---|---|---|
Doarpen: Roan • Altena • Feanhuzen • Ien • Langelo • Leutingewolde • Lieveren • Nietap • Nij-Roan • Noarch • Peest • Peize • Peizermade • Roaneries • Roanerwâlde • Steenbergen • Westervelde • Zuidvelde | ||
Buorskippen: Allardseach (foar in part) • Alteveer • Amerika • Boerlaan • Ien-West • De Streek • Foxwolde • Huis ter Heide • Klunderveen • Matsloot • Norgerfeart (foar in part) • Oostindië (foar in part) • Peizerwold • De Pol • Sandebuur • Terheijl | ||
· · |