Amerika is in buorskip yn de gemeente Noordenveld yn Drinte, op de grins mei de provinsje Grinslân. It leit sa'n fjouwer meter boppe seenivo.

Amerika leit ûngefear yn de midden fan de trijehoek dy't de doarpen Haulerwyk, Een en Zevenhuizen foarmje. It gehucht bestiet út inkele ferspraat lizzende pleatsen dy't allegear oan deselde slingerjende wei, neamd Amerika lizze. It buorskip falt administtratyf ûnder it doarp Een.

In grut gedielte fan it grûngebiet fan Amerika wurdt ynnomd troch it rekreaasjesintrum Ronostrân, ûngefear healwei it dykje Amerika. It Ronostrân is in eardere sânôfgraving, dy't tsjintwurdich as swimplasse brûkt wurdt en sa in soad minsken út de omkriten lûkt. By de swimplasse keit ek de lykneamde camping. Wat fierderop oan de dyk leit noch in oare, wurkjende sânôfgraving.

Amerika yn Drinte wie al bewenne doe't Columbus foet oan lân sette op it kontinint Amearika oan de oare kant fan de oseaan.

Keppeling om utens bewurkje seksje