Isaäc da Costa (Amsterdam, 14 jannewaris 1798 – Amsterdam, 28 april 1860) wie in Amsterdamske dichter en histoarikus. Da Costa kaam út in begoedige Joadske bankiersfamylje. Yn 1821 troude hy mei Hanna Belmonte.

Isaäc da Costa yn in print fan P.W.M. Trap (1821–1905)

Earst belide er it ortodoks joadedom mar letter is er ortodoks kristen wurden. Hy foarme letter mei in groepke It Réveil, dat de maatskippij werom bringe woe ûnder de hearskippij fan Jezus Kristus. Syn bekendste wurk is de brosjuere 'Bezwaren tegen den geest der Eeuw' (1823); dat joech in soad opskuor.

'Da Costiaan' wie yn syn tiid in skelwurd; syn krityk op de libertynske tiidgeast waard as Obskurantisme sjoen en dat kaam him op tsjinwar te stean yn rûnten dy't de de Ferljochting stipen.

Hy debutearre yn 1812 mei it gedicht 'Lof der dichtkunst'. Hy hat ek wurk fan Aischylos oerset. Syn sammele poëzij waard útjûn troch dûmny-dichter J. P. Hasebroek mei as titel Komplete dichtwerken van Is. da Costa (3 dln. 1861-1863).

  • Lof der dichtkunst (1813)
  • De verlossing van Nederland (1814)
  • Alfonsus de Eerste (1818)
  • Bezwaren tegen den geest der eeuw (1823) – Yn dit essay, skreaun yn 1823 doe't er noch mar 25 jier wie, kearde er him tsjin de ensyklopedisten, Rousseau, Voltaire, Diderot, Kant, Robert Owen en Lord Byron.
  • De Sadduceën (1824)
  • Geestelijke wapenkreet (1825)
  • Dichterlijke krijgsmuziek (1826)
  • God met ons (1826)
  • Feestliederen (1828)
  • Kerst- en nieuwjaarsintreezangen (1829)
  • Brieven van Mr. Willem Bilderdijk, Inleiding IV (1837)
  • Vijf en twintig jaren. Een lied in 1840 (1840)
  • Aan Nederland, in de lente van 1844 (1844)
  • Zangen uit verscheidenen leeftijd (1847)
  • 1648 en 1848. Dichtstuk (1848)
  • Lijden en heerlijkheid (1848)
  • Wachter! Wat is er van den nacht (1848)
  • Zit aan mijne rechterhand (1848)
  • Israël en de volken, een overzigt van de geschiedenis der joden tot op onzen tijd (1848-1849)
  • Bijbelsche vrouwen (1848-1852)
  • De chaos en het licht (1850)
  • Politieke poëzy (1854)
  • Hesperiden (1855)
  • De dichtwerken van Bilderdijk (1856-1859)
  • De mensch en de dichter W. Bilderdijk (1859)
  • Tien bladzijden uit de geschiedenis van Neêrlands roem en grootheid (1860)
  • Poëzy (2 dln., 1821-1822)
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Isaäc da Costa fan Wikimedia Commons.