Haadmenu iepenje
Immanuel Kant

Immanuel Kant (22 april 172412 febrewaris 1804) wie in Dútsk filosoof. Hy jildt as de wichtichste filosoof út it tiidrek fan de Ferljochting. Syn ynfloed op it mêd fan filosofy, etyk, teology, strafrjocht, folkerjocht en estetyk wurkje troch oan hjoed de dei ta.

SkiednisBewurkje

Kant waard berne op 22 april yn it Prusyske Keningsbergen, it tsjintwurdige Kaliningrad. Hy wie de soan fan in sealmakker. Hy promovearre yn 1755 en waard yn 1770 heechlearaar yn Keningsbergen yn de metafysika en logika. Hy joech kolleezjes oant 1796 en ferstoar yn 1804.

It libben fan Kant stiet bekend as saai. Hy hat syn wenplak net faak ferlitten en hie in rêstich libben. It ferhaal giet dat de ynwenners de klok der op lyk sette koenen mei de tiid dat Kant te kuierjen gong mei syn feint Lampe, alle dagen stipt om healwei fjouweren middeis.

De etyk fan KantBewurkje

Foar Kant wienen de gefolgen fan ús hannelen wichtich. Neffens him giet it derom dat de minske in goede bedoeling hat. In hanneling is pas dan etysk goed as it út plichtsbesef bart. Dêrmei bedoelt Kant dat de juste ynstelling by in minske heart te wêzen bewust goed te dwaan. Kant makket ûnderskied yn twa foarmen fan hanneljen; gewoan rasjoneel hanneljen en hanneljen út plichtsbesef. Kant fûn respekt hawwe foar in oar minske o sa wichtich. De oar is ek in minske mei behoeften en winsken. Wy moatte de oar de romte jaan om syn doelen neistribje te kinnen.

Wurken fan KantBewurkje

 
Byld fan Kant yn Keningsbergen

Kant hat in tal boeken skreaun dy't fan krúsjale betsjutting west hawwe foar de Westerske filosofy. De bekendste binne de trije "Kritiken":

  • Kritik der reinen Vernunft. Yn dit wurk behannelet Kant syn ideeën oer de kennislear. Kant stelt him dêryn de fragen: Is syntetyske kennis a priori (fan te foaren sûnder ûndersyk) mooglik, Hoe is syntetyske kennis a priori mooglik, wat binne de grinzen fan minsklike kennis?
  • Kritik der praktischen Vernunft . Dizze behannelet de etyk oan de hân fan de fraach: Hoe moatte wy libje?
  • Kritik der Urteilskraft. Dit wurk behannelet de estetika en natuerlike oarder.

Ek syn boek Zum Ewigen Frieden is tige bekend. Dêryn tinkt er nei oer de rjochtsregels dêr't de ferhâlding tusken steaten ûnderling oan foldwaan moatte soenen. Ivige frede is in nei te stribjen doel, gjin realiteit, merkt Kant op.

List mei wurkenBewurkje

  • Earste druk fan de Kritik der reinen Vernunft, 1781
  • Prolegomena zu einer jeden künftigen Metaphysik, die als Wissenschaft wird auftreten können, 1783
  • Idee zu einer allgemeinen Geschichte in weltbürgerlicher Absicht, 1784
  • Beantwortung der Frage: Was ist Aufklärung?, 1784
  • Grundlegung zur Metaphysik der Sitten, 1785
  • Metaphysische Anfangsgründe der Naturwissenschaft, 1786
  • Mutmaßlicher Anfang der Menschengeschichte 1786
  • Twadde (sterk útwreide) druk fan de Kritik der reinen Vernunft, 1787
  • Kritik der praktischen Vernunft, 1788.
  • Kritik der Urteilskraft, 1790
  • Über das Miβlingen aller philosophischen Versuche in der Theodicee, 1791
  • Die Religion innerhalb der Grenzen der bloßen Vernunft, 1793
  • Über den Gemeinspruch: Das mag in der Theorie richtig sein, taugt aber nicht für die Praxis, 1793
  • Das Ende aller Dinge, 1794
  • Zum ewigen Frieden: Ein philosophischer Entwurf, 1795
  • Die Metaphysik der Sitten, 1797
  • Über ein vermeintes Recht aus Menschenliebe zu lügen, 1797
  • Der Streit der Fakultäten, 1798
  • Anthropologie in pragmatischer Hinsicht abgefasst, 1798
  • Über die Pädagogik, 1803