Wettersteatstsjerke
Wettersteatstsjerke is de beneaming foar Nederlânske tsjerken dy't tusken 1824 en 1875 mei stipe fan de lanlike oerheid boud waarden. It ûntwerp en de bou fan soksoarte tsjerken waarden kontrolearre troch yngenieurs fan it ministearje fan Wetterstaat. It begryp Wettersteatstsjerke tsjut net op in beskate boustyl.
Regeling
bewurkje seksjeDe regeling waard ynfierd om in ein te meitsjen oan de konflikten tusken katoliken en herfoarmden oer it besit fan âlde tsjerken. In eardere regeling dy't ornearre wie foar in lykwichtige ferdieling fan de tsjerkegebouwen, mislearre omdat de herfoarmden net meidwaan woenen. In tal tsjerken waard offisjeel wol weromjûn oan de katoliken, mar dy koene se net brûke omdat de herfoarmden wegeren de gebouwen te ferlitten. Uteinlik waard besletten dat eltse tsjerke yn hannen bleau fan it genoatskip dat op it stuit sa'n tsjerke besiet, al as net legaal.
De oerheid ûnthjitte jildlike stipe as kompensaasje by de bou fan nije en by it fannijs opmeitsjen fan âlde tsjerken. Meast gie it om eardere katolike gebouwen. Allinne yn it suden en ek wol yn parten fan Oerisel en Gelderlân, wie it de katoliken faak slagge om harren âlde tsjerken werom te krijen en waarden de protestanten kompensearre. De oerheid stelde lykwols faak hege easken foar har stipe foar it opknappen fan de fertutearzge gebouwen, dat yn de praktyk waard der faak sloopt en waard it nijbou. Fan 1848 ôf koenen ek de griffformearden gebrûk meitsje fan de regeling foar nijbou fan tsjerken.
De Leopoldstsjerken, fjouwer protestantske tsjerken yn Limburch dy't tusken 1835 en 1839 mei jild fan de Belgyske oerheid en ûnder tafersjoch fan it Belgyske Ministearje fan Wettersteat set waarden binne in aparte groep.
Boustilen
bewurkje seksjeFral de tsjerken dy't yn de earste trije desennia dat de regeling gou set binne hawwe in soad oerienkomsten yn styl en foarm, mar dat hie net te krijen mei foarskriften fan de oerheid en der bestie net in beskate Wettersteatsstyl.
De boustyl waard ek brûkt foar tal fan oare tsjerken dy't bûten de regeling foelen. Feitlik giet it hjir om neoklassisisme, de boustyl dy't doetiids ynternasjonaal de toan oanjoech en dy't yn Nederlân oan de ein fan ein de 18e iuw ynbrocht waard en yn de earste helte fan de 19e iuw yn ferskillende farianten grutskalich brûkt waard, by tsjerken en profane gebouwen. De beneaming Wettersteatstyl wurdt fral brûkt foar in fariant mei as skaaimerken in fersierde foargevel mei (faak dekorative) pylders en in timpaan mei dêrboppe in lytse, measthouten, klokketoer. Nuver genôch hawwe de tsjerken dy't troch de eigen yngenieurs fan Wettersteat ûntwurpen binne dy skaaimerken faak net.
In fariant dêrop hat dekorative styleleminten út de goatyk en wurdt wol Willem II-goatyk, wettersteatgoatyk of stukadoarsgoatyk neamd. Nei 1853 brûkten katoliken hieltyd mear de wiere neogoatyk. It ministearje easke faak wol dat al te djoere materialen en konstruksjes sa as ferwulften útbliuwe soenen en faak krigen katolike tsjerken yn it noarden gjin toer omdat dat de protestanten har dêr oars wolris oan steure koenen.
In protte tsjerken út de earste tsientallen jierren fan de Wettersteatsperioade waarden letter ferfongen meidat de neoklassisistyske boustyl net mear as passend foar katolike tsjerken beskôge waard. Der wienen ek tsjerken dy't striemin boud wienen en rillegau yn ferfal rekken.
Foarbylden fan Wettersteatstsjerken (karút)
bewurkje seksje-
Wettersteatstsjerke yn Nij-Beerta (1856)
-
Wettersteatstsjerke 'Onze-Lieve-Vrouwe van de Besloten Tuin' yn Warfhuizen
-
De Bonifatiustsjerke te Doardt
-
De achtkante koepeltsjerke fan Feanhuzen
-
De wettersteatstsjerke yn Laren
-
De 'St Joseph' yn Haarlim
-
De Sint-Antoniuskatedraal yn Breda
-
De 'Hartebrugkerk' yn Leien
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |