Nieuw-Beerta

(Trochferwiisd fan Nij-Beerta)

Nieuw-Beerta, earder Beertsterhamrik (Grinslânsk: Nij Beerte, Beertsterhammerk) is in doarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. Yn 2021 hie it doarp neffens it CBS 110 ynwenners.

Nieuw-Beerta
Sicht op Nieuw-Beerta (2011)
Sicht op Nieuw-Beerta (2011)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 110 (2023) [1]
Oerflak 0,38 km²
wêrfan lân: 0,38 km²
wêrfan wetter: 0 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 7° 9' E
Kaart
Nieuw-Beerta (Grinslân)
Nieuw-Beerta
Kaart
Sicht op Nieuw-Beerta (2011)
Lokaasje Nieuw-Beerta yn eardere gemeente Reiderlân

It doarp leit benoardeasten Beerta en bewesten Bad Nijeskâns. It is in langhalich streekdoarp mei monumintale pleatsen. Yn de doarpskearn steane de wenten fan de wurklju en de middenstân. It doarp is beskerme doarpsgesicht.

Nieuw-Beerta ûntstie yn de sechtjinde iuw op it plak fan it ferdronken doarp Wynedaham, dat om 1500 hinne by Beerta foege waard. It gebiet rekke lykwols nea alhiel ûnbewenne, want de pleatsen stiene noardliker yn de saneamde Binnenlanden op ferhege hiemen of oerbliuwende stikken heechfean dy't letter ferdwûn binne. Nei it oanlizzen fan de Hamsterdyk, ek wol Beertsterhamdyk neamd, healwei de sechtjinde iuw, ferhuzen dy pleatsen stadichoan nei dy dyk. Oer de dyk hinne rûn in fuotpaad, en yn 1840 waard der in ferhurde dyk oanlein. De wichtichste ferbining wie de Hamwei (Hamweg), dy't yn 1541 al neamd waard en dy't fan Beerta besuden de Tsjamme rjochting Drieborg rûn.

Nei't yn 1657 de Schanskerdijk oanlein waard, feroaren de grutte kwelders yn in fruchtber poldergea. It doarp wie in dochterdelsetting fan Beerta. Dêrom waard it ynearsten Beertsterhamrik (bûtengebiet fan Beerta) neamd.

Yn 1665 krige Nieuw-Beerta in eigen tsjerke. It doarp waard in selsstannige tsjerklike gemeente, mar it tsjerkeguod bleau oant 1680 mienskiplik mei Beerta. De earste tsjerke wie al gau in boufal en waard yn 1696 fernijd. De hjoeddeiske tsjerke komt út 1856.

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Nieuw-Beerta.

It doarp hie al in skoalle. Yn 1663 krigen de bewenners tastimming en bou in nôtmûne, om't de mûne fan Beerta it wurk net benei komme koe.

Yn it doarpsgebiet ûntstiene yn de achttjinde iuw de buorskippen Drieborg en Oudedijk (earder Stocksterhorn neamd, en fierder de polderdelsettings Kroonpolder (1696) en Stadspolder (1740). Yn Stadspolder wie plak frijmakke foar in tsjerke en in tsjerkhôf, mar dy plannen waarden nea wiermakke. By Bad Nijeskâns lei it plak Oudezijl mei in kloft huzen.

De njoggentjinde iuw wie in tiidrek fan rike ûntjouwing, benammen yn de lânbou. Moaie pleatsen komme fan dy tiid. Fan de ein fan dy iuw ôf, rekke de ekonomy fan it gebiet yn it neigean. Ynearsten gie dat tegearre mei de fûle striid tusken de boeren en de lânwurklju. It sosjalisme en letter kommunisme waarden tige populêr by de lânwurklju.

De fierder geande meganisaasje yn de lânbou, soarge foar it dien jaan fan de lânwurklju. Om't it doarp gjin oare mooglikeheden bea, teagen in soad fan de wurklju fuort.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

Nieuw-Beerta leit oan de Jeropeeske kuierrûte E9.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Gemeente Aldamt  
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
  ·   ·