Blauwestêd (doarp)
Blauwestêd (Nederlânsk: Blauwestad) is in nij doarp oan de Aldamtmar yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It hie op 1 jannewaris 2019 665 ynwenners.
Blauwestêd (doarp) | ||
![]() | ||
Lokaasje Blauwestêd | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 665 (1 jannewaris 2019) | |
Polityk | ||
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 10' NB, 7° 2' EL |
It doarp Blauwestêd, dêr't de namme yn desimber 2005 offisjeel fan erkend waard as de plaknamme, is part fan it projekt Blauwestêd. It doarp wie oant 1 jannewaris 2010 ferdield oer de gemeenten Scheemda, Wynskoat en Reiderlân en seach syn ynwennertal de lêste jierren omheech gean. It doarp hie op 1 jannewaris 2012 385 ynwenners en it hie op 4 oktober 2019 al 665 ynwenners.
Blauwestêd leit tusken Scheemda en Beerta. It gruttere plak Wynskoat leit ek flakby.
It projekt Bewurkje
It projekt bestiet út it oanlizzen fan in nije mar fan goed 800 bunder: de Aldamtmar, it oanlizzen fan 350 bunder nij natuergebiet en it oanlizzen fan fiif wengebieten mei elts in eigen útstrieling. Dy wengebieten binne:
- De Wei (De Greide), dat fan alle wengebieten it meast mei it wetter ferbûn wurdt. Ynspiraasje fan de ynrjochting fan De Wei komt út Giteren.
- Het Park (It Park), dêr't lange rigen gers en beammen komme te stean, omkringe troch reid en wetter
- Het Riet (It Reid), dat út in groep eilannen bestiet beëasten de Aldamtmar.
- Het Wold (It Wâld), dat tusken it natuergebiet Reiderwâlde en it kanaal Reiderdjip leit. It wurdt omsletten troch bosk en wetter.
- Het Havenkwartier (It Havenkertier), dat earder Het Dorp (It Doarp) hiet, is it "sintrum" fan Blauwestêd.
Galery Bewurkje
-
Plaknammeboerd
-
It eardere ynfosintrum
-
Social Sofa yn it Havenkertier
-
Fytsbrêge
-
Natuerbegraafplak Reiderwâlde
-
Stânbyld fan Sicco Mansholt yn Blauwestêd
Keppeling om utens Bewurkje
Stêd: Wynskoat | |
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | |
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | |
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | |
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip |