Midwolda is in doarp in de Nederlânske gemeente Aldamt yn Grinslân. Midwolda hie yn 2019 2175 ynwenners.

Midwolda
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 2.055 (2023) [1]
Oerflak 4,37 km²
wêrfan lân: 4,14 km²
wêrfan wetter: 0,23 km²
Befolkingsticht. 470 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 7° 0' E
Kaart
Midwolda (Grinslân)
Midwolda
Kaart
Aldamtster pleats oan 'e Menterneweg
Lokaasje fan Midwolda

Oant 1990 wie Midwolda in selsstannige gemeente, mar dêrnei waard Midwolda part fan de gemeente Scheemda. Yn 2010 waard it nei in gemeentlike weryndieling part fan de nije gemeente it Aldamt. Yn it âlde gemeentehûs sit sûnt 2005 in Ingelsk teehûs.

Fierder is it doarp bekend om it lânguod Ennemaboarch en de reedridersbaan, dêr't yn strange winters maratons op natoeriis ferriden wurde.

Besuden it doarp leit it Blauwestêd-projekt, in gebiet dat mei opsetsin ûnder wetter set is en dêr't in nije wenmienskip mei 1500 wenten komme moat. Dit plan soe yn 2016 klear west hawwe moatte, mar de ferkeap fan huzen (huzebou) heakket frijwat. Guonts binne anno 2010 fan betinken dat it projekt mislearre is.

  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Midwolda).

It doarp hat in tsjerke út 1738 mei in ferneamd oargel fan de Dútske oargelbouwer Hinsz. Op it oargel wurde geregeldwei konserten jûn. Foar 1738 stie de tsjerke fan Midwolda benoarden fan it doarp.

De sjongster Imca Marina wenne yn Midwolda, dêr't hja as amtner fan de boargerlike stân op har pleats houlikken slette.[2] De boarch wurdt bewenne troch keunstnaresse Maya Wildevuur, dy't dêr ek har galery hat.

Berne yn Midwolda

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Gemeente Aldamt  
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
  ·   ·