Ton Baas
Ton Baas (Midwolda, 31 augustus 1946) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Karriêre
bewurkje seksjeBaas wie manager by de bierbrouwerij Interbrew foar't er yn 1995 lid waard fan de Provinsjale Steaten dêr't er fraksjefoarsitter wie. Yn 2003 waard er deputearre dêr't er de ûnder oare de funksje Miljeu, Provinsjale Wettersteat en Ferkear en Ferfier yn de portefúlje hie. Doe't Sicko Heldoorn yn 2007 fuort gie as boargemaster fan Opsterlân om dy funksje yn Assen te ferfoljen, folge Baas him yn de tiid fan in heal jier op as waarnimmend boargemaster. Inkele moannen letter waard er waarnimmend boargemaster fan Dongeradiel wat er bleau oan jannewaris 2009. Yn maart fan dat jier waard Baas op 'e nij beneamd ta waarnimmend boargemaster, yn Boarnsterhim nei't de boargemaster dêr mei alle wethâlders opstapt wie troch finansjele problemen.
Ton Baas waard op 31 oktober 2014 beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Midden-Drinte. Baas folge dêr Jan Broertjes op, dy't net weromkomme woe as boargemaster, nei oanlieding fan in kritysk rapport oer it sosjale belied fan Midden-Drinte. Oant Midden-Drinte gijn nije troch de Kroan beneamde boargemaster hie soe Baas in dy gemeemte bliuwe.
Sûnt 9 maaie 2016 is Baas de earste foarsitter fan de VVD Regio Noard (it oerkoepeljende bestjoer fan de VVD foar Grinslân, Fryslân en Drinte). Yn juny 2018 folge syn beneaming ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Aa en Hunze. [1] Op 25 april 2019 waard Anno Wietze Hiemstra foardroegen as nije boargemaster fan Aa en Hunze. [2] Dy begûn op 12 septimber 2019. Op 9 oktober 2019 einige syn foarsitterskip fan de VVD Regio Noord ek. [3][4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|