Albertus Antoni Hinsz
Albertus Antoni Hinsz (Hamburch, 1704 - 1785) wie in wichtich fuortsetter fan de Noard-Dútske oargelboutradysje. De Noard-Dútske oargelboutradysje yn Nederlân belibbe in hichtpunt troch de komst fan de Dútske oargerbouwer Arp Schnitger. Hinsz wie learling fan Frans Caspar Schnitger sr., soan fan Arp Schnitger, en/of Joachim Richborn.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy waard berne yn Dútslân, mar sette him yn 1728 nei wenjen yn Grins en troude yn 1732 mei de widdo fan F.C. Schnitger. Twa letter ferneamd wurden Fryske oargelbouwers binne as feint by Hinsz begûn: Lambertus van Dam en Albertus van Gruisen. Ek Frans Casper Snitger jr., Heinrich Hermann Freytag en Matthijs Hansen Hardorff hawwe in wichtige rol spile yn Hinz syn oargelmakkerij en sette it bedriuw fuort nei syn dea.[1]
It wurk van Hinsz hat wat klank oanbelanget opfallende skaaimerken. Dit komt fral omdat er syn folstimmen faak op tertsen basearre hat. Tertsmiksturen meitsje de klank 'sulvereftich' en dêrom kin in Hinsz-oargel sûnder mis herkend wurde. De opbou fan syn ynstruminten is ek karakteristyk. De frontyndielingen binne tige karakteristyk en yn earste line grûnfêste op it ynstrumint fan syn grutte foargonger Schnitger yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke fan Swol.
Hinsz boude ûnder oaren oargels yn Zandeweer (1731), Liens (1733), Midwolda (1772) en Uthuzermieden (1785). Under de bou fan de lêste stoar Hinsz. Syn grêf is yn de Luterske Tsjerke te Grins, dêr't ek in tinkstien pleatst is. Fierders binne der oargels fan him yn Haren, Damwâld, Roan, Tsjom, Wassenaar. Grutte ynstruminten fan him stean yn Harns (1776) en Boalsert (1781). Ek as restaurateur en ombouwer fan ynstruminten hat Hinsz tige warber west. Sa hat er it Rêchwurk fan it oargel yn de Martinitsjerke yn Grins (1730) en fan it oargel yn de Herfoarme tsjerke fan Peize (1758) boud. It sierwurk fan syn oargels waard ûnder oaren dien troch de byldsniër Casper Struiwig.
Faaks is it grutte oargel yn de Bovenkerk te Kampen (1744) syn meast yndrukmeitsjende wurk. Dit oargel is wat piipwurk oangiet fral in fúzjeoargel. In protte pipen binne âlder as Hinsz. Der sit piipwurk yn fan in oar bekend oargelbouwerslaach út de 17e iuw, de famylje Slegel, mar ek fan in grut tal oargelbouwers fan foar en nei Hinsz.
Tsjerken mei in Hinsz-oargel
bewurkje seksjejier | plak | tsjerke | byld | manualen | registers | opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|
1730/40 | Grins | Martinitsjerke | III/P | 47 | Utwreiding fan it oargel fan Arp en Frans Caspar Schnitger; no (III/P/52) noch 2-3 registers fan Hinsz bewarre | |
1731 | Zandeweer | Herfoarme Tsjerke | II/p | 16 | Earste nijbou fan Hinsz; yn 19e en 20e iuw wizigings yn de disposysje | |
1733–34 | Liens | Petrustsjerke | II/P | 27 | Nijbou fanwege Anna Habina Lewe, douairiêre Van Starkenborg; yn 19. en 20e iuw wizigings | |
1735 | Loppersum | Herfoarme Tsjerke | II/p | 20 | Nij piipwurk yn haadwurk fan ien út 1562; yn 1803 ferfanging fan it piipwurk fan it rêchwurk troch H.H. Freytag | |
1738 | Kampen | Broedertsjerke | III/P | 32 | Nijbou mei gebrûk fan registers fan it âlde oargel; 1822 ombou troch A. van Gruisen (II/p); letter útwreiding en wizigings | |
1739 | Bronkhorst | Herfoarme Kapel | I | 7 | Nijbou fan in kabinetoargel foar Utert(?); wizigingen yn de disposysje 19e iuw; hat op ferskate plakken stien | |
1739 | Utert | Akademygebou | II/P | 22 | Ienklaviers nijbou foar Luterske tsjerke Dimter | |
1741–43 | Kampen | Boventsjerke | III/p | 33 | Ombou en útwreiding fan oargel fan Slegel (1676) ta grutste oargel fan Hinsz; yn 1790 in selsstannich pedaal en in boarstwurk fan H.H. Freytag en F.C. Schnitger (IV/P/46) derby; letter wizigingen; no IV/P/56 | |
1744 | Appingedam | Nicolaïtsjerke | II/p | 20 | Nijbou; goed bewarre | |
1751 | Meeden | Benediktustsjerke | I/p | 8 | Nijbou | |
1752/68 | Noordbroek | PKN Tsjerke | II/P | 24 | Utwreiding fan oargel fan Arp Schnitger (1696) en wizigingen yn de disposysje; 1809 selsstannich pedaal fan H.H. Freytag derby; 1855 wiziging troch P. van Oeckelen | |
1754 | Kampen | Bûtentsjerke | II/P | 20 | Nijbou, wol âld piipwurk brûkt | |
1758 | Peize | Jehannestsjerke | II/P | 22 | Rêchwurk oan âlde oargel fan A. Verbeeck (1631) tafoege; oargel oant 1862 yn de Pepergasthûstsjerke yn Grins | |
1765 | Tsjom | Jehannestsjerke | II/p | 20 | Ombou fan it oargel fan Stevens | |
1763–66 | Leer | Große Kirche | II/p | 21 | Oargel fan Marten de Mare (1609) ta in nijenien omboud, útwreiding fan haadwurk kwa disposysje en klavieren, nije kast en tafoeging fan in rêchwurk; no III/P/37 | |
1766–67 | Seisbierrum | Sixtustsjerke | II/P | 27 | Nijbou; in 1922-24 piipwurk ferfongen; ses-register fan Hinsz nei Boarnburgum, ien nei Waaksens en fjouwer nei Sebaldebuorren | |
1769 | Wassenaar | Doarpstsjerke | II/p | 13 | Nijbou; 1792 tafoeging fan in rêchwurk troch L. van Dam; no I/p/20 | |
1770 | Haren | Nikolaastsjerke | I/P | 13 | Nijbou | |
1772 | Midwolda | Krústsjerke | II/P | 33 | Nijbou; goed bewarre | |
1774 | Grins | Pelstergasthûs | II/p | 20 | Utwreiding fan it oargel fan Arp Schnitger (1693/1712); 1875 wizigings yn de disposysje fan P. van Oeckelen | |
1775–76 | Harns | Grutte Tsjerke | II/P | 34 | Nijbou; 1864 wizegingen troch P. van Oeckelen | |
1776–77 | Dantumawâld | Benediktustsjerke | I/p | 8 | Nijbou | |
1777–78 | Minnertsgea | Meinardstsjerke | II/p | 20 | Nijbou; ferbaarnd yn 1947 | |
1780 | Roan | Katarinatsjerke | II/p | 17 | Nijbou | |
1781 | Boalsert | Martinitsjerke | II/P | 34 | Nijbou; 1861 in boppewurk taheakke troch L. van Dam; nû. III/P/42 | |
1783 | Driezum | Grutte Tsjerke | I/p | 11 | Nijbou; wizigingen yn 19. en 20e iuw | |
1783 | Godlinze | Pankratiustsjerke | I/p | 12 | ombou fan it twaklaviers oargel fan Arp Schnitger (1704) yn in ienklaviers ynstrumint | |
1785 | Uthuzermieden | Mariatsjerke | II/P | 28 | lêste nijbou, net troch Hinsz foltôge; letter ferskate wizigings |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Hinsz - Schnitger - Freytag
- oargel te Noordbroek
- oargel te Boalsert
- oargel yn de Bovenkerk te Kampen
- disposysjes fan û.o. Hinzs-oargels (PDF-dokumint; 113 kB)
- oersjoch oargels yn Nederlân (PDF-dokumint; 169 kB)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|