Katarinatsjerke (Roan)
De Katarinatsjerke is de protestantske tsjerke fan it Drintske doarp Roan.
Katarinatsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Drinte | |
gemeente | Noardenfjild | |
adres | Brink 8 9301 JL Roan | |
koördinaten | 53° 8' N 6° 26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Katarina fan Aleksandrje | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32534 | |
Webside | ||
PKN Roan-Roanerwâld | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeTroch in oarkonde is it bekend dat der al yn 1139 in tsjerke yn Roan stie. Nei alle gedachten hawwe der al ferskate foargongers yn Roan stien. De hjoeddeiske tsjerke waard yn 'e 13e iuw boud. It âldste diel fan it gebou is it skip. Oan it begjin fan 'e 15e iuw waard it âlde koer ferfongen troch in goatysk koer. Al rillegau dêrnei waarden de sydskippen oanboud. Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw is de toer boud. De tsjerke wie oan Katarina fan Aleksandrje wijd.
De oarspronklike koepelferwulften binne letter ferfongen troch in stiennen tonferwulft. Yn de jierren 1930 waard by de restauraasje lykas yn dy tiid wenst it pleisterwurk fan de binnenmuorren ferwidere, sadat de bakstienstruktuer fan de muorren fan it gebou sichtber waard.
Ynterieur
bewurkje seksjeUt de tiid fan foar de reformaasje datearret it 13e-iuwske doopfont fan Bentheimer sânstien. De preekstoel datearret fan 1717. Fierder stiet der in 18e-iuwske hearebank mei it wapen fan lânskipssekretaris Coenraad Wolter Ellents en syn frou Gesina Oldenhuis, de bewenners fan 'e oanbuorjende havezate Mensinge.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel koe boud wurde tanksij in legaat fan 10.000 karolusgûnen fan Maria Catharina Hoppinck. Har testamint makke it mooglik dat de ferneamde Dútske oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz (1704-1785) foar de tsjerke in monumintaal oargel bouwe koe. Op snein 5 desimber 1779 waard foar it earst yn in tsjerketsjinst op it oargel spile. De oargelkas waard makke troch A. Smid. Bakker & Timmenga fierde fan 1998 oant 2006 in restauraasje út.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|