Zandeweer
Zandeweer (Grinslânsk: Zanneweer) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Hy leit besuden Uithuizen. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1990 hearde it by de eardere gemeente Kantens. Dêrnei waard Zandeweer by de gemeente Iemsmûn yndield en sûnt 1 jannewaris 2019 falt Zandeweer ûnder de gemeente It Hegelân. Zandeweer hat ûngefear 450 ynwenners.
It doarp is ûntstien op in krúspunt fan twa lândiken. De bebouwing konsintrearret him noch foar it meastepart bylâns dy âlde diken.
De tsjerke fan Zandeweer stamt oarspronklik út de 13e iuw. De losse sealdaktoer komt út de 15e iuw. De tsjerke hat in oargel út 1731 boud troch Albertus Antoni Hinsz, in learling fan Arp Schnitger.
De nôtmole Windlust stamt út 1818. Ek dêrfoar hat der yn Zandeweer in mole stien. De sarrieshut dy't dêrby hearde is der noch.
It doarp hat amper foarsjennings. Neist in doarpshûs is der allinnich in iepenbiere basisskoalle. Der is wol in aktyf ferieningslibben. Bekend is de folkloristyske dûnsgroep de Grunneger Daansers.
Ryksmonuminten
bewurkje seksje-
Tsjerke fan Zandeweer
-
Herfoarme pastorij (l.) en ferieningsgebou 'Irene'
Berne yn Zandeweer
bewurkje seksje- Derk Jacob Clant (1638-1700), lânjonker
- Siert Triezenberg (1870-1931), boargemaster en jurist
- Berend Jager (1884-1945), arsjitekt
- Hendrik de Wit (1888-?), politikus
- Aldert van der Ziel (1910-1991), natuerkundige en skriuwer dy't in protte ynternasjonale prizen wûn.