Nikolaastsjerke (Haren)
De Nikolaastsjerke is in 13e-iuwske protestantske tsjerke yn it Grinslânske doarp Haren.
Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
plak | Haren | |
adres | Rijksstraatweg 188 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 36' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | Romaanske arsjitektuer; romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 20272 (tsjerke); 20273 (toer) | |
Webside | ||
PKN Haren | ||
Kaart | ||
Bouskiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard oan it ein fan 'e 12e of begjin fan 'e 13e iuw boud yn romaanske en romanogoatyske styl. Oan it tsjerkeskip slút in smeller en leger koer oan.
Yn it ferline baarnde de toer ferskate kearen ôf. Yn 1914 waard de toer ûnder lieding fan ryksboumaster Cornelis Peters restaurearre en rekonstruearre yn 'e oarspronklike foarm mei in spitse ôfsluting. De ferdjipping fan 'e toer hat in ferwulft. Nei alle gedachten hat dy ferdjipping in kapel west mei in iepening nei it tsjerkeskip.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe preekstoel datearret fan 1725 en is makke troch Casper Struiwig en draacht reliëfs fan 'e evangelisten. Oan 'e kânsel is in koperen sânglês oanbrocht. De tsjerke hat trije hearebanken, dêr't ien fan út 1616 stamt, wylst de oare twa 18e-iuwsk binne.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1776 troch Albertus Antoni Hinsz boud. De oargelbouwer makke it oargel mei gebrûk fan âlder materjaal, dat werom giet op in ynstrumint út de 16e iuw.
De lêste restauraasje datearret fan 2002 en waard útfierd troch de bruorren Reil (Heerde). It oargel waard doe werom brocht nei de steat fan 1770.
Omjouwing
bewurkje seksjeFoar de yngong fan 'e tsjerke stiet in ienfâldich kriichsmonumint fan 'e gemeente Haren.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Albertus Antoni Hinsz-oargel
-
Preekstoel
-
Sânglês
-
Ynterieur
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|