Uithuizermeeden
Uithuizermeeden (Grinslânsk: Meij of Mij) is in doarp yn de gemeente Iemsmûn, yn it noarden fan de provvinsje Grinslân. Uithuizermeeden (yn de 19e iuw Uithuistermeeden) is ek de namme fan de eardere gemeente, dy't yn 1979 opgien is yn de wyls ek eartiidske gemeente Hefshuizen. It doarp leit oan de ein fan de Meedstermaar.
Uithuizermeeden | ||
Sicht op Uithuizermeeden | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.570 (2023) [1] | |
Oerflak | 46,04 km² wêrfan lân: 45,81 km² wêrfan wetter: 0,23 km² | |
Befolkingsticht. | 78 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 24' N 6° 43' E | |
Kaart | ||
De namme Uithuizermeeden betsjut: de mieden fan Uithuizen (greid- of healannen). Dat dit in fan oarsprong wiet gebiet west hawwe moat, allinnich geskikt foar greidlân, wurdt dúdlik oan nammen as Schapeweg en Hooilandseweg. Dy lêste rint fan it doarp it oarspronklike wiete gebiet yn nei it easten, oant de Groote Tjariet. Oan dy wei lizze Roodeschool en hielendal yn it easten Oosteinde.
Uithuizermeeden hat ferskate boargen hân, wêrfan de Rensumaboarch as ienige oerbleaun is. Dy komt út de ein fan de 15e iuw en is in 1710 yngreven ferboud. De Marijetsjerke is boud yn de 13e iuw, mar is yn de rin fan de tiid meardere kearen ferboud, sadat it midsiuwske karakter hast hielendal oan it each ûntlutsen is. De tsjerke sjocht der sûnt de 19e iuw neoklassisistysk út.
Eardere gemeente
bewurkje seksjeDe gemeente Uithuizermeeden (earder: Uithuistermeeden) bestie oant 1979 út de doarpen, buorskippen en útbuorrens: Hefswal, Koningsoord, Aldesyl, Oosteinde, Oosternieland, Oudeschip, Paapstil, Roodeschool en Valom (gedieltlik). Ek de Iemshaven lei foar it meastepart yn de gemeente Uithuizermeeden.
It eartiidske gemeentehûs fan Uithuizermeeden waard ûntwurpen troch de Grinzer arsjitekt A.L. van Wissen (1878-1955). Yn it pân sitte in pear bysûndere glês-yn-leadramen, wêrûnder in trijetal fan Charles Eyck (1897-1983) dat yn 1949 troch de provinsje Limburch oan de gemeente skonken waard as tank foar it opfangen fan flechtlingen yn de Twadde Wrâldoarloch.
Doarpsbyld
bewurkje seksje-
Frijmakke Tsjerke (1874)
-
Eartiids gemeentehûs (1908; ûntwerp troch Van Wissen)
-
Rensumaboarch (± 1500; foarside)
-
Marijetsjerke (13e iuw) mei Fisk-keunstwurk fan Jaap van Meeuwen op foargrûn
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|