Houwersylsterfeart
De Houwersylsterfeart, pleatslik ek Houwerzijlsterriet neamd, is in kanaal yn de gemeente De Marne yn Grinslân.
It kanaal rint fan it haventsje yn Houwersyl nei it Hunzegoakanaal by de Lienstertillen ûnder Liens.
It kanaal wie fan 'e 16e iuw ôf de wichtichste ôfwettering fan it Houwersylfest, dat ûngefear oerienkomt mei it westlik gedielte fan de gemeente. It is it kanalisearre en foar in part ferleine rivierke it Flakke Ryd. Dit mûne út yn it Ryddjip ûnfear healwei Houwersyl en de wierde Ewer.
It stik tusken Flydoarp (Ol Weem) en Houwersyl makket dus gjin diel út fan de oarspronklike loop. Doe't de bûtengeul fan de feart fersâne, wat kaam troch de eb en floed yn it estuarium fan it Ryddjip, waard besluten om it wetter eastwerts fia de Skouwersyl te lossen. Hjirfoar waard in daam by Menskewear trochbrutsen.
De wei dy't it kanaal healwei krúst hjit tsjintwurdich Flakke Ryd. De namme fan it wetter is sa oergien nei de streek.