Sylfest
In sylfest is de Grinslanner foarrinner fan de hjoeddeiske wetterskippen.
De sylfesten wienen net allinnich belêste mei it ûnderhâld en tafersjoch fan de wetters, mar ek fan de wegen. De belangrykste taak wie it ûnderhâld en tafersjoch op de útwetteringssluzen (silen). It begrip sylfest slacht op de wettersteatsorganisaaje, mar ek op it gebiet dêr't it sylfest ferantwurdlik foar wie. De skou fan de silen, fearten en diken lei by de 'edele heerden' en waard útfierd troch de skepper. Yn de skouregisters waarden de nammen fan de ûnderhâldsplichtigen opnaam.
It wurd sylfest, Aldfrysk sīlfestene (1309), is gearstald út it wurd syl as 'slûs' mei it efterheaksel -veste 'jurisdiksje'. In Eastfrysk synonym is Sielacht (1437).
List fan sylfesten
bewurkje seksjeIn oersjoch (fan west nei east).
- Munnikesylfest of Gerkeskleastersylfest
- Kommersylfest, is in gearfoeging fan:
- Saaksumersylfest
- Aduardersylfest, dêryn is opgien:
- Sylfest fan Liuwerderwâlde
- Wetsingersylfest
- Houwersylfest
- Skouwersylfest, dêryn is opgien:
- Hiddingesylfest
- Winsumer en Skaphalster sylfest
- Easternijesylfest
- Generale Sylfest fan de Trije Delfsilen, wêrfan diel útmakken:
- Scharmer sylfest
- Slochter sylfest
- Dorpster sylfest, dêryn opgien:
- Sandtsterhamriken of Omptadasylfest
- Wâldsylfest
- Eastwâldsylfest
- Farmsumer sylfest
- Oterdumer sylfest
- Termunter sylfest, dêryn opgien:
- Sylfest Eastwâld (1558)
- Sylfest fan de hamriken of buitendijxter lannen
- Reidersylfest
- Tsienkarspelen sylfest, dêryn opgien:
- Acht Sylfesten
It Munnikesylfest lei foar it meastepart yn Fryslân, it Aduardersylfest en it Nijesleatersylfest foar in part yn Drinte.
Dykrjochten
bewurkje seksjeIn oantal dykrjochten naam de taken op him, dy't op oare plakken troch sylfesten dien waarden. Dat gou benammen foar:
- Dykrjocht fan Wierum en de Hege en Lege Poddepoel
- Dykrjocht fan Lyts Garnwert
- Dykrjocht fan Skilligeham en in stik fan Maarhuzen
- De dykrjochten fan de kadiken fan Wierhuzen, Piterbuorren en Westernijlân, Den Andel, Warffum en Breede,Usquert, Uithuizen, Zandt en de Fjouwerbuorren
- Dykrjocht fan Nijedyk fan Uthuzermieden
- Dykrjocht fan Easternijlân of Den Hoorn
- Dykrjocht fan 't Zandt
- Dykrjocht fan de Fjouwerbuorren
- Dykrjocht fan Oosterwijtwerd
- Dykskepperij fan Holwierde en Marsum
- Dykrjocht fan Utwierde, Biessum en Solwert
- Dykrjocht fan Beerta en Finsterwâlde (1571)
- Dykrjocht fan de Ommelander Compagnie
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|