Wetterskip It Reidersylfest
(Trochferwiisd fan Reidersylfest)
Wetterskip It Reidersylfest is in earder wetterskip yn it easten fan Grinslân, dat bestie fan 1968 oant 1992.
It wetterskip ûntstie út in fúzje fan wetterskip Reiderlân, Westerwolde en Pekel A. Yn 1986 waard Fiemel en in stikmannich wetterskippen om Veendam hinne oan Reidersylfest taheakke.
It wetterskip wie fêstige yn Wedde.
Yn 1992 gong It Reidersylfest, tagelyk mei it Drintske De Veenmarken op yn Dollardsylfest. De behearder is no Hunze en Aa's.