Hunze en Aa's

It wetterskip Hunze en Aa's is in wetterskip yn de Nederlânske provinsjes Grinslân en Drinte, dat ûntstien is nei it gearfoegjen fan de wetterskippen Hunze en Aa, Doalertsylfest en Iemssylfest (foar in part) op 1 jannewaris 2000. Tagelyk krige it nije wetterskip guon taken fan it Suveringskip Drinte en de Suvering fan de Provinsje Grinslân (SPG).

Kaart mei de Nederlânske wetterskippen (2018). Nûmer 3 is Hunze en Aa's.
Wapen fan it wetterskip Hunze en Aa's

It nije wetterskip krige de namme Hunze en Aa's, neamd nei de Hunze, de Drintske Aa, de Mussel-Aa, de Ruiten-Aa en de Westerwâldske Aa, de fiif wichtichste rivieren yn it gebiet.

It haadkantoar stiet yn Feandam.


It beheargebiet fan it wetterskip Hunze en Aa's hat:

  • 213.000 bunder oan oerflak
  • 424.000 ynwenners
  • 28 kilometer oan seedyk
  • 500 kilometer oan kanaaldiken
  • 3525 kilometer kanalen en sleatten

Keppeling om utensBewurkje